WykeinWepperkes

SDS 1 wint earste oefenwedstriid
7 augustus 2004
Haitsma’s hiene in prima wykein
9 augustus 2004

It nije trainingsfjild
Okkema is drok oan ‘e gong mei it nije trainingsfjild. Jacob Sjirk Joustra hat freed en sneon it fjild hielendal klear makke om ynsiedde te wurden. Durk Okkema hat der foto’s fan nommen.

Jacob-Sjirk drok op ‘e trekker

It fjild is no moai flak

SDS Veranda’s?
Sa op fakânsy komme je wolris wat nuvers tsjin. Soms hat dit te krijen mei SDS. Sa rûn Douwe Reitsma yn België oer in jiermerk en kaam der dit tsjin.

Miskien net gek foar in nije kantine.
Hawwe jimme fan ’t simmer ek wat nuvers sjoen wat mei SDS te krijen hat, mail dit dan efkes nei
info@vv-sds.nl

SDS’ers op ‘e Freule
Justerjûn is de lotting west foar de Freule fan kommende woansdei. Easterein(mei Erwin de Boer, Bauke Dijkstra en Pytrik Hiemstra) foel lyk as 2e út de bus. Sy meie it opnimme tsjin Dronryp. Wommels(mei Douwe de Boer, Erik Haitsma en Redmer Strikwerda) foel as 4e út de bus. Sy nimme it yn ‘e earste omloop op tsjin Morra-Lioessens. Easterlittens(mei Feiko Broersma) nimme it op tsjin Wjelsryp. Winsum(mei Geert Dijkstra) nimme it op tsjin Frentsjer. De neamde jonges spilen foarich seizoen allegear by SDS yn ‘e B’s. Allinne Erik Haitsma spile foarhinne foar SDS en spilet no foar Cambuur. Hjir kinne jimme de hiele list besjen(klik
hjir).

60.000 besikers
Op ‘e dei fan ‘e PC koenen wy ús 60.000e besiker wolkom hjitte op ús webside. Sûnt 4 novimber 2002 hawwe wy dus 60.000 besikers hân. Hoefolle soe dat sa gemiddeld deis wêze?

Ek oare ploegen oefenje
Ek oare ploegen begjinne stadichoan mei hun tarieding op it nije seizoen. Sa spile ’t Fean ’58 juster in oefenwedstriid tsjin Ouwe Syl. ’t Fean is kommend seizoen de twadde tsjinstânner fan SDS 1. Ouwe Syl is de âlde klup fan trainer Lykle Bleekveld. ’t Fean spile mei 2-2 lyk.
Hjir kinne jimme it ferslach lêze.

Oefenwedstriden
Kommende wike hat SDS 1 noch 2 oefenwedstriden. Tiisdei spylje sy yn en tsjin Balk en freed yn en tsjin Burgum. SDS oefent tongersdei foar it earst. Sy spylje dan út tsjin Balk. Foar de tiden kinne je sjen yn ‘e “agenda“.