Fuotbalmikstoernoai en barbekjoe mei it SDS-jubileumfeest

Programma SDS-jubileumfeest 2&3 septimber
30 augustus 2022
SDS-puzzelkwistocht
2 september 2022

Sneon geane wy los mei it SDS-fuotbalmikstoernoai op it SDS-jubileum.
Wy ferwachtsje elkenien fanôf 13.00 oere, sadat wy om 13.30 oere los kinne.
Der hawwe sa ’n 135 lju harren opjoen, dus it belooft in alderaardichste middei te wurden.

It liket ús wol aardich as elkenien mei it SDS-fuotbalmikstoernoai yn in fuotbalsjurtsje komt.
Kom net allegear yn in sjurtsje fan Ajax of sc Heerenveen, mar lûk iets orisjineels oan asto dat hast of fan ien liene kinst.
In sjurt fan Flamengo, Fiorentina, Boca Juniors, Leeds United, FC Twente, Napoli, Helmond Sport, Real Sociedad of AS Roma is namelijk ek prima!

Foar degene mei it orisjineelste fuotbalsjurt hawwe wy in pryske lizzen fansels.

De lju dy ’t harren opjoen hawwe foar de barbekjoe kinne hjir alfêst betelje mei help fan de QR-koade.
Frijwilligers meie fergees barbekjoe.