Ferslach kenniskwis

Professor Willem Wijnia
13 februari 2004
Opstellingen 1e en 2e.
14 februari 2004

Om goed healwei njoggen oere slûpe de earste kandidaten binnen. Fansels nimme se sa as gewoan nei it trainen in bierke,mar it tempo leit folle leger as gewoan. It oantal útstapkes nei it húske is dêr tsjinoer folle talriker. Senuwen?!

Fred en Aant, mei help fan Theo en Stoffel rjochtsje de seal yn. Kandidaten tichtbyelkoar en in jiske pantsje foar Robert en Willem op de tafel. Skoreboerd, papier, stiften, in bierke en fragen: alles leit om healwei tsienen klear. Underwilens binne alle traningen dien en komme belangstellenden nei de kantine. At Kees Jansen syn opstelling foar sneon klear hat, kin it los.

Aant en Fred sketse yn koart efkes it ûnstean fan dit idee: Fred syn holle, it Fec en Aant syn entoesjasme

 

Aant begjint mei wat filosofisch geeamel troch in Franske tinker te sitearen: “De dingen dy’t men it beste wit, binne net de dingen dy’t men leard hat”  en in Dutsk sprekwurd oan te heljen “Elkenien soe in professor wêze at kennis deryn gong as bier”

 

Fred hat it oer in ûnsinnige kwis omdat it giet oer de meast ûnsinnige ynformaasje dy’t folslein ûnnedich yn de harsessellen bewarre bliuwt by sommigen en wierskynlik in protte romte ynnimt. Nei dizze opbeurende wurden kin de striid los barste om de prachtige trofee dy’t Atty Scheltema makke hat. De kandidaten wurde op orisjinele en eigen wize nei foaren ropt en kinne mei in bierke yn de hân los.

De earste ronde, mei foar elkenien 5 fragen, levert gelyk al in kopgroep op: Wichard mei 4 en Willem mei 3 punten. Durk siket plak yn de middenmoat mei 2 punten en Robert (1) en Pieter (0) hawwe te let yn de gaten dat it al begûn is.

Ronde twa levert twa punten op by in goed antwurd en it is allinne Wichard dy’t syn fraach goed hat en mei 6 punten dus stevich oan de lieding komt.

By ronde 3 mei  wat gokjes oer útspraken fan fuotballers en trainers sit it Robert net tsjin. Hy skoort 3, wylst Durk en Willem mei 2 punten wat minder gokgelok hawwe. Wichard lit it wat sitte en Jan wachtet noch altiten op syn earste punt.

Mei in tuskenstan fan Wichard 7 , Willem 5, Robert 4, Durk 4 en Pieter (0) is de 4de ronde beslissend foar it heljen fan de finale want der kinne mar 2 fierder. De ferbazing yn it publyk is grut by de 4de ronde omdat dan bliken docht dat de meast ûnsinnige ynformaasje troch de hearen bewarre wurdt. Want om no noch te witten  wa’t de 4de  strafskop mist hat yn 2001 yn de wedstriid fan Feyenoord tsjin PSV is dochs absurd. En wa waard troch in earmtakke groggy slein troch Jan Wouters  yn in wedstriid tsjin Volendam? En wa makke in swiere oertreding tsjin Tigana yn in Europacupwedstriid Bordeaux – PSV?

Grutte bewûndering wie der foar Willem dy’t yn dizze ronde 15 punten skoorde, mar ek foar Pieter dy’t mei 9 punten skitterend werom kaam.

It skoreformulier.

Foardat de finale begjinne soe, wie der efkes tiid om it dekor om te bouwen en de kielen efkes te  smarren. De tap moast iepen (en dat is unyk op tongersdei) omdat de fleskes oprekken. De finale mei 15 fragen koe begjinne. Theo de Jong hat in geweldich apparaat makke wêrby by earst drukke de lampe brânen giet en de fraach beandere wurde koe. By in ferkeard antwurd (meastal te betiid drukken) gie der in punt ôf.

Wichard, bekind om syn entoesjasme, waard sels de dupe fan syn entoesjasme.  4 goeie antwurden, mar twa kear ferkeard leverde dus 2 punten op. Willem wie minder flitsend mar skoorde wol 3 punten. Boppedat spile hy it spultsje taktysk út en joech Wichard alle gelegenheid by te kommen.

Om goed 11 oere koe Wichard Willem de hân jaan en him lokwinskje. Fred die dat ek mei it oerlangjen fan de trofee en Wichard mocht mei in boek fan Maradonna werom nei Wommels.

Der waard noch lang neipraten, neikaarten, neidarten en neidronken.

Te hearren om reaksjes moat dit seker nochris plakfine. Fred en Aant hawwe it mei nocht dien dus is it net útsluten dat takem jier op de nijjiersresepsje der in nij spektakel ûntstiet.

En och wa wit is der nochris in leuk idee om op in tongersdeitejûn wat te organisearen.