Wepperkes -moandei-

De nije SDS League
23 januari 2005
Eksklusieve foto’s
26 januari 2005

Neat oan?
Binne der noch spannende, grappige, aardige, kloate- of, eigenaardige dingen gebeurd yn Zandvoort? Of wie der gewoan neat oan? Mail it nei info@vv-sds.nl 

Te lange winterstop

Stefan van Krimpen hat in te lange winterstop hân. Syn tas hat der yn dat skoft ôfstean moatten oan de kat. Lokkich genôch kin hy hjir sa wer in nije SDS-katteba….eeuhhh SDS-tas keapje. Sjoch ek ris yn de SDS-Fanshop! Jo sjogge dat de SDS-tassen foar alles te brûken binne.

Wenger troue besiker SDS-side?
Nei juster liket it wol dúdlik dat sels de manager fan Arsenal geregeld op de webside fan SDS sjocht. Nei ús melding snein dat Dirk-Yde Sjaarda oanwêzich wêze soe by Arsenal-Newcastle United en dat hy allinne mar kaam foar Dennis “The Menace” Bergkamp, spile hy prompt. It wie foar Bergkamp sels de earste kear dit seizoen dat hy in hiele wedstriid spile foar Arsenal. Dirk-Yde hat de dei fan syn libben hân doe ’t it ek noch Dennis Bergkamp wie dy ’t de winnende 1-0 makke. Dirk-Yde sil fêst faker wolkom wêze op Highbury.

Wat hat de KNKB tsjin SDS?
Ferline wike ha de wize hearen fan de KNKB harren seleksjes dien foar dit kommende keatsseizoen. Mear as in hânfol (âld)fuotbaljende SDS keatsers hiene harren oanmeld mei in partoer: Robert, Feite, Gert Jan, Geert, Pytrik, Erik, Jacob Klaas. Der wiene ek al in protte dy’t harren mar net mear oanmeld hiene: Skelte, Dirk Yde, Tsjipke Klaas en Marten

Se kamen der allegear net troch hinne. Op ien nei. Jacob Klaas. Wa kin ús in antwurd jaan op de folgende fragen:
Hoe kin it dat al dizze goeie keatsers net selekteard wurde?
Werom Jacob Klaas wol?

Memmedei
8 maaie is it memmedei. 8 maaie is ek de dei dat de greidhoekerintocht holden wurdt. Dizze kear net fanút Wommels mar fanút Boazum. Alle ynformaasje kinne jim ynkoarten lêze op
www.greidhoekekuiertocht.nl

Tútsjepop
Folle earder noch kinne jim yn it Dielhûs te lâne by Tútsjepop. Op 12 febrewaris moat it ien grutte tútterij wurde dêr. Foar mear ynformaasje kinne jim sjen op
www.tutsje.nl

Tegeltsje
Fan in ús tige bekende famylje út it Grinzerlân kaam in tegel binnen. Sy hawwe dêr net folle wurden nedich om út te drukken wat se bedoele. De klompen binne tige bekind yn de kontrijen fan Itens en omkriten. Mei wat fantasij kinne je soks ferkeapje as in orisjinele Jopie Huisman yn Delfs blau ierdewurk.


Futsal
Kommende woansdei kinne jim wer yn de sporthal telâne by it futsal. Sjoch yn aginda, hoe en wat en wa en wannear.

De appel falt net fier fan ‘e beam….

’t Is in Postma, mar wy kinne net mei sekerheid sizze as dit no Henk as Alie is.