Ek yn Lollum kransen oan de muorre

Wykein Wepperkes
17 juli 2004
Sneinswepperkes
18 juli 2004

Yn de kransenkompetysje komt er ek lûd út Lollum. By Trinus de Jong en Petra Wijnia hingje ek al 5 kransen oan de muorre wylst de foarm der by beide noch is. Trinus wûn der 2 en Petra 3.

De oare dingen dy’t oan de muorre hingje hawwe se miskien ek wol wûn mei it keatsen, mar dy telle net mei.

Foar sa fier ús bekind binne de Haitsma’s en de Strikwerda’s noch koprinners mei 8 kransen . It is wol dúdlik dat de famylje Scheltema it sitte lit, want hiele dagen en nachten dwaande wêze mei in bal heech hâlde op ynternet giet ten koste fan de prestaasje op it keatsfjild.

Wa’t ek in foto hat mei in muorre mei mear as ien krans (ien is gelok)  kin maile nei info@vv-sds.nl