EK en oare weppers

Stân SDS EK-league 4 july
4 juli 2021
Tariedingsprogramma SDS 1 2021-2022
5 juli 2021

Treffer

At it goed is, hawwe de measten de nije Treffer wer yn de brievenbus fûn. Wij tinke dat de rûnbringers it allegear wer kreas fersoarge hawwe

Efkes Balje

It kealle wer wat swier freedtejûn. Bin der genôch? Is it te waarm of is it EK konkurrint mei Spanje- Switerslân? It kaam der op del dat in lyts oerke fan te foaren it sein op grien gie.
Dan mar mei 6 man en miskien komt der noch wat oan waaien, wist Syb mei in optimistyske app de leafhawwers te oertsjûgen.
It waaide net iens hurd, mar der kamen wol 5 bij. En at Harry op it lêste momint syn eldorado yn Hinnaard noch ferlitten hie, hiene wij even west.
Klaas dielde de hesjes út en dat is wat lestiger mei ûneven.
It pakte dan ek hielendal ferkeard út. Sa liket it nei in 5-0 foarsprong foar de 5 sûnder hesje.
Mar, Frank de Boer, je kinne tidens de wedstriid, mei fiif wurden de saak taktysk omsette. “Lit sij no mar komme” en dat wie genôch. It waard yn gjin tiid 5-5 en bij 6-6 wie it tiid foar in lytse pauze.
Dan kinne je in bekfol drinke mar je kinne ek in sosjale rol pakke at de omstannichheden dêr om freegje.
Johan koe yn 3 minuten in elektryske rider de keunst fan it opladen efkes leare en Lieuwe wist in boargeroarloch tusken twa Syryske kampen te foarkommen troch manmoedich it striidtoaniel binnen te stappen en mei de rêst fan in stringe ûnderhanneler it gemoed nei nul werom te bringen.
Doe wie it tiid foar noch 10 minuten striid fan de 6 hesjes tsjin Klaas, de krekt prikte Robin, Lieuwe, Menno en Michael.
De 6 (Johan, Douwe Jan, Syb, Kerst, Pieter en Aant) wûnen nipt en ek de finale waard mei ien doelupunt ferskil wûn fan de 5 moedige striders.
De hesjes wiene prima útdield Klaas…..
Aant

Yndieling jeugdalvetallen 2021-2022

Moarn hoopje wij de yndieling fan de jeugd alvetallen op de side te setten sa’t wij dy krigen hawwe fan de jeugdkommisje.

Ek wepper – giele kaarten

Wij sitte op 139 giele kaarten en at er gjin kaarten mear bijkomme dan soene der 4 man bonuspunten krije foar dit ûnderdiel ( je meie der 5 neist sitte)

Anne Jan Hallema 135
Jildert van der Werf 136
Larson Hek 138
Hessel Hek 144

Mar de kâns is grut dat der noch wat kaarten bijkomme en dan lykje dit de kânshawwers foar bonuspunten

Pieter Wijnia 151
Sjoerd de Boer 152
Hendrik de Jong 153

Ek wepper – reade kaarten

It oantal reade kaarten is net heech dit EK. Dizze 8 sitte noch altyd goed

Okke van der Kamp 5
Sjoerd van Beem 5
Anne Stenekes 5
Pieter Sijtsma 5
Lieuwe-Jan Yntema 5
Sjoerd de Boer 5
Bas van der Weij 5
Jan en Simon van der Vaart 5

EK wepper – topskoarder

Der binne noch 4 dielnimmers dy’t in kâns ha op punten. Trije sitte noch goed mei Ronaldo, want hij stiet noch boppe-oan (mei Schick mar dy hat net ien) , mar Pieter Wijnia rekket noch altiten op Morata. Dy docht as ienige noch mei, mar moat syn fisyr wol wat skerper stelle.

Pieter Wijnia Morata
Anne Jan Hallema Ronaldo
Mark Klijnsma Ronaldo
Appie Posthumus Ronaldo

Ek wepper – Kampioen

Wij sizze allinne mar dat der 2 dielnimmers Spanje ha as mooglike kampioen, 2 tochten ek oan Ingelân en ien hat Italie delsetten.
Wa’t dat binne, hâlde wij noch efkes foar ús.
Foar de spanning…….