Efkes Seale mei C1

Op stap mei…..E4
19 december 2015
SDS F3 yn de seal
20 december 2015

Efkes Seale SDS C1
Hjoed stie it krysttoernooi yn Warkum op it programma. Steven, Sander, Lars, Kent, Mark, Tjerk, Merijn en Tjitse hiene harren hjir foar op jun. Mei syn achten, dit koene we dus moai yn twa auto’s halde. Om 12.12 oere us earste wedstriid tsjin NOK C1. We begongen goed en der wurde tikt as spylen de jongens eltse wike yn ‘e seal. De iene goal wie noch moaier as de oare, einutslag 5 – 2 foar SDS.

De twadde wedstriid wie tsjin it sterke Boalsert C1. Dochs joegen we dizze mannen hiel goed party, mar koene net foarkomme dat harren superspits twa fantastische goals makke. Der wiene kansen op de oanslutiingstreffer, mar it bleaun by 2 – 0 foar Boalsert. Wol ferlies, mar beslist goed spyle. Dit koene we moai meinimme nei de tredde wedstriid tsjin De Walde C1.  Op sich net in hiel bysundere ploeg, mar 1 goed lyts fuotballerke. Dizze koart halde en net spylje litte wie dus de opdracht. Mar it tsjinoergestelde barde. Dit mantjse kryge seen fan romte, en ja dat steane je nei 10 minuten 3 – 0 efter. Nei wat opbouwende krytiek fanof de kant, krygen we de leste 6 minuten de smaak wer te pakken. We koene noch werom komme tot 3 – 2, mar fierder kamen we net. Jammer, want dit potsje hiene we gewoan winne moatten.

De leste wedstriid wie tsjin Easterlittens C1. De piip wie leech by us, en ek Easterlittens run samar ut nei in 3 – 0 foarsprong. Dochs kamen we, ek no wer, letter better yn de wedstriid en koene noch in pear kear skoare. Ek grutte spits (B-junior) fan Easterlittens koe noch in pear meitsje, einutslach 6 – 2 of 6 – 3.  En nei dizze wedstriid krygen de jongens allegeare in cerficiaat fan de KNVB. De eagjes glunderden en allegeare soene se dit boppe harren bed ophingje. 

Nye wike tiisdei mar wer traine op it fjild, want seale is leuk mar op it fjild balje bliuwt fansels it allermoaiste wat der is.
Theo.