Op stap mei…..E4

Efkes Balje
19 december 2015
Efkes Seale mei C1
19 december 2015

Op stap mei de fammen fan E4.

Dizze titel seit eins dat Berend en Rutger mei de fammen fan E4 fannemiddei hawwe foetbald yn de seal yn Ljouwert. D

e folgjende fammen wiene presint; Marre, Minke, Larissa, Judith en Nynke.  Wy begjinne wat unwennig tsjin Frisia, wêr de heit fan Nynke mocht fluitsje. It begjin wie foar Frisia mar ynienen stie SDS E4 der. Der waard mei druk nei foaren spile en dat levere kânsen op. De froulju sieten der boppe op en dêr hiene de Frisianen mar in hekel oan. Ta beslút waard it 1 – 0, wêrnei fluch de 2 – 0 en de 3 – 0 folgen. Ein fan de wedstryd wêryn keeper Berend tige knap keepte. Doelpunten fan Minke, 2 kear en Larissa. 

Dêrnei mochten wy tsjin FVC. Minke verheuge har der op de club wêr har broer Matthijs spilet te ferslaan. En dat barde ta beslút ek, mar oh wat wie it spannend. Earste skoarde Judith mei in prachtich hurd skot fan de sydline wêr de keeper gjin antwurd op hie. Wy wiene gewoan better en hiene soad kânsen, mar skoarre diene wy net. Spitigernôch 50 sekonden foar it ein stiene wy te sliepen en tikte FVC de bal lâns Berend. 1-1.  Mar doe’t stie Minke op. De tomme waard opburgen en hja rjochte de rêch. Minke ferovere de bal op de middenline, wêrnei hja rjochting it doel rûn en úteinlike skoarde. Wat in blydskip by spilersters, Beerend, Rutger, Ridsert de lieder, de mem fan Minke en de heit fan Nynke. Mei 2 – 1 wûn!

We beneame êltsenien noch in kear:
Marre, betroubare ferdediger, stean yn de wei en hâlde alles tsjin.
Rutger, balôfpakker en stille krêft.
Larissa, noaske foar de bal en de goal.
Judith, hat it talint fân har omke Douwe Schaafsma. Kappen en draaien!
Beerend, bijna net te passeren.
Nynke, rinfermogen, tige har best dwaen en dwaers sitte.
Minke, ik bin net bang en meitsje de goals lekker dochs wol.
Machtige middei hân!

Friso Albada