Efkes Balje

Kompetysjeprogramma SDS 1
31 juli 2015
Weppers tiisdei 4-8
3 augustus 2015

It wurd “simmerstop” komt net foar yn it wurdboek fan de Efkes Ballers. De lêste wiken wiene der dan wol gjin ferslaggen, balle waard der wol.
Juster wie it letterlik en figuerlik wer in bûnt selskip. It wie hast in soarte mei famyljefuotbaljen ferdield oer twa teams.
In heit mei in soan, in heit mei hast in skoansoan, in heit mei twa soannen, in pake mei in pakkesizzer en noch wat los spul wat de famylje thús litten hie.
Mar leafst 13 man en dat is ien te folle of ien te min.
Foar de tsjinstanner mei 6 mei it dúdlik ien tefolle, want sij moasten belies jaan tsjin it tikkie-takkie fuotbal fan de meast yn Barcelona en Bayern útruste spilers fan de ploech fan 7.
It bûnte selsskip fan 6 oan de oare kant moast de hesjes drage, moasten mei ien man minder en moasten tsjin de sinne opsjen.
Bij de famylje de Vries sille Sybren en Jesse it fêst hawwe wa fan de twa de measten doelpunten makke. Of soe heit Menno it wat bijholden hawwe. De winnende wie fan Sybren.
Grutte partij en de healwei njoggenen partij, beide kearen winst foar ploechje 7 man.
Dat wiene: Lucas, Chiel, Douwe Jan, Bertus, Sybren, Harrie en Menno.
Tsjin de sinne yn seagen: Wouter, Pieter, Rudy, Folkert Rients, Aant en Jesse

It Efkes Baljenfjild wurdt de kommende wike beskikber steld oan it Freulekeatsen. En sok moai koart gers dêr meie sij fêst ek wol oer……

Aant