Efkes Balje

Kaartsjes SC Heerenveen-MVV!
18 juni 2015
Weppers moandei 22-6
22 juni 2015

Wêr lei it oan dat 7 pear earen justerjûn de klok net slaan hearden om 20.30 oere.
Wie it it lûd fan de Henk Wijngaard dy’t bij de botsautos de boppetoan fierde,
wie it André Hasses dy’t de yn  de loft swevende kermisgongers noch mear adreline besoarge,
wie it it lûd fan de oaljekoeken dy’t sissend yn it fet brún besochten te wurden
of wiene it miskien de âldsjes yn in rêsthûs dy’t nei in drokke dei sigaarroke yn de tinte no snurkten as jonge bargen?
Yn alle gefallen: it sil nea dúdlik wurde wat de stân wie op klokslach. Wie it 37-38, wie it 39-39 of wie it miskien al 42-41.
Hawar yn goed oerlis waard wierskynlik om 20.45 besletten om te einigjen op 43-43. Doe wiene wij mei ús sânen wurch. Wurch fan it tellen en wurch fan it draven. Skoare dat diene wij dus genôch op it lytse fjildsje en mei grutte doelen. Misse wie betiden dreger as skoare.
De komplimenten wiene foar Theo, Harrie en Johan, sij moasten de hesjes drage mei harren trijen en sij ferlearen.
De lokwinsken wiene foar it fjouwertal Ferrie, Pieter, Ieda en Aant. Sij makken de lêste twa. Nije wike wer nije kânsen en mei iets mear opkomst en minder kermislûden kin it wer gewoan los gean om klosklach healwei achten oant klokslach healwei njoggenen.

Aant

Om al fêst efkes yn de stimming te kommen foar it Greidhoekfestival op 12 septimber de lekkere gitaarband the Afterpartees