Kaartsjes SC Heerenveen-MVV!

Weppers woansdei 17-6
16 juni 2015
Efkes Balje
19 juni 2015

Op freed 17 july komt SC Heerenveen yn Easterein oefenjen tsjin MVV.
De wedstryd begjint om 19.00 oere.

De kaartsjes foar dizze wedstryd koste €10,- foar folwoeksenen en €5,- foar bern oan ’t en mei 14 jier.
Yn de foarferkeap koste de kaartsjes respektivelijk
€8,- en €4,-.
De kaartsjes binne yn de foarferkeap te krijen by:
JUMBO-Kooistra yn Wommels,
Camping De Finne yn Reahûs
en by
Douwe-Dirk Reitsma, Smidslân 11 yn Easterein.
De eksakte datum fan de start fan de foarferkeap heare jim noch fan ús.

Fergees!
De yntree foar jeugdleden fan SDS dy ’t keunstgerslotten ferkocht hawwe of yn de Minileague fuotbalje meie fergees nei dizze wedstryd ta!
Sy moatte dan al foar 12 july harren kaartsje efkes ophelje by:
Willem Wijnia, De Homeie 27, Wommels
of by
Douwe Dirk Reitsma, Smidslân 11, Easterein

Fanôf wannear dit kin heare jim ek noch!



Op freedtemiddei 17 july sil der in fuotbalklinik wêze foar de D-,E-,F- en Minileague-jeugd fan SDS fan ôfrûne seizoen. Jeugdleden sille harren hjir foar opjaan moatte fia
de webside. Der is beperkt plak, dus wêz der dan snel by!

Moandei mear hjir oer!