Weppers freed 14-8

Weppers woansdei 12-8
12 augustus 2015
Efkes Balje 14-8
15 augustus 2015

SDS 1
SDS 1 oefent sneontemiddei tsjin twadde klasser Hardegarijp. De wedstriid wurdt spile yn Hurdegaryp en begjint om 17.00 oere.
It fuotbalfjild is fanút de loft maklik te finen. Flakbij de B. Sjoch 
hjir .

Seleksje SDS 1
Der wêze: 15.15
Fuotbalje: 17.00

Seleksje: Marten, Ewout, Sjoerd, Feiko, Jort, Tjipke, Jacob, Erik, Hendrik, Dirk Yde, Bauke, Wiebe, Jelmer, Grietzen

Tiisdei
Kommende tiisdei oefent SDS 1 al wer. Ek no wer tsjin in twadde klasser. Nijland is de tsjinstanner en de wedstriid wurdt spile yn it plak mei dy selde namme.

SDS 2
SDS 2 traint sneon om 11.00 oere yn Easterein. Tiisdei oefenje sy yn Wurdum tsjin WWS 1.

Efkes Balje
De omstannichheden lykje wer goed foar in moai oerke Efkes Balje. Jûn om 19.30 op it sportfjild yn Wommels.

De F’kes gean wer los
Op 19 augustus gean alle F-pupillen (dus ek de minileague) wer los mei trainen. Allegear op tyd der weze, it is fan 17:00 oant 18:00 oere. Ofmelde kin by my fia 06-26785381.
Gr. Hans vd Schaar

It hakje
Der is al hiel wat skreaun en sein oer it hakje fan de doelman fan ADO. Thijs Zonneveld fan it AD skriuwt der ek oer en dat is de muoite wurdich om te lêzen. Sjoch
hjir

Bûtenspul
Bûtenspul bliuwt altyd in omstriden rigel. Hast alle jierren komt er wol in rigel bij of giet er ien ôf. Yn
dit filmke jout skiedsrjochtersbaas van Egmond út hoe’t it no sit.

Harsens derby (1578)
As je it sa hawwe wolle dan slagget it net: