E1 sealkampioen

De antwurden
16 februari 2013
Weppers moandei 18-2
18 februari 2013

JA sneon 16 februari de grutte dei; E1 kin kampioen wurde yn’e seal!

We hiene in tige smelle seleksje, fan de 9 wiene der 6 net, Stan, Anco, Tjitze, Tjerk, Stijn, Sjors en ek nochris gjin coaches, Theo en Ferry.
Allinich de harde kern Ruerd Eeltje en Douwe Jan wiene noch oerbleaun. Dit geselskip wie oanfult mei de krachten fan  Jeffrey, Eljer, Gerben, Kevin en Tom.

We hiene genoch oan 1 punt om kampioen te wurden mar it moast fansels noch wol efkes barre! Yn’e reis nei Ljouwert ta waarden der allegear scenario’s besprutsen, gelykspul en ferliese de earste wedstriid en de 2e winne… Mar úteinliks hienen we mar 1 strategy, 2 kear winne dat wie it feilichst!

Earste wedstriid tsjin Frisia, der direkt fol op. Jeffrey op’e goal, Eeltsje en Gerben efteryn, Douwe Jan koart hjir foar yn’e midden en Kevin en Ruerd foaryn. SDS hie direct de controle yn’e wedstriid. Frisia kaam der yn it begin der in pear kear gefaarlik út, mar nei wat koarter dekken efteryn troch Gerben en Eljer en it beste keepen fan Jeffrey, wiene dizze útfallen ek elimineart, klasse! Mar it stie noch hieltyd 0-0. Dat wie genoch fansels, mar dit wie fansels net wat we ôfpraten hiene. Der waard goed oerspyle ek foaryn. Ruerd, Tom en Kevin hienen nei 13 minuten in gefaarlike útfal en yn in scrimmage foar de goal wie it Tom die de foet der goed tsjinoan sette en de 1-0 makke, yes!
Dernei wie de druk derôf en SDS spyle dernei sterk. Eeltsje hie it goed foarelkoar efteryn en Douwe Jan koe hjirtroch ek wat mear nei foaren ta drukke en spyle sa dan ek yn nei links op Kevin. Kevin passeare syn man en sette wer foar op Douwe Jan dy’t de bal links neist de keeper yn’e goal tikke, 2-0! Mei noch 3 minuten te spyljen de wedstriid yn’e pocket en KAMPIOEN!!

De twadde wedstriid tsjin FVC wie wol dreger. Der waard goed fuotballe, SDS wie de boppe lizzende partij en hie ek in pear 100% kansen mar koe net ta scoren komme. Oan de oare kant hie FVC ek 2 100% kansen mar Jeffrey keepte in hiele beste wedstriid! Einstan 0-0.

Jongens fan E2 en E3 tige tank foar jimme ynset en it mei beheljen fan dit kampioenskip fan E1!

Folkert