De antwurden

Seleksjes 16-2
14 februari 2013
E1 sealkampioen
17 februari 2013

Programma
De KNVB hat dan miskien wol de wedstriden bûten ôflast, mar dat wol net sizze dat der juster gjin aktiviteiten binne. Wij hoopten op de folgjende fragen in antwurd te krijen en dat is aardich slagge.

SDS 1
Twa jier stelde SDS 1 it twaddeklasserskip feilich tsjin Zeerobben 1. Kinne se hjoed yn in oefenwedstriid op keunstgers ta in oerwinning komme tsjin in tredde klasser?

Antwurd: SDS 1 hat 1-1 spile tsjinZeerobben 1-1. Doelpuntenmakker yn Harns foar SDS wie Erik Haitsma

SDS 2
In betide reis nei it altyd fiere Dokkum levert dat yn dizze oefenwedstriid in oerwinning op?

Antwurd: SDS 2 hat mei 4-5 wûn fan Be Quick Dokkum 2 nei in 4-1 efterstân. Doelpunten Ayanle (2), Jort (2) en Anne

F1
F1 docht de sealskuon oan foar de lêste sealwedstriden. Soenen sy kampioen wurde?

Antwurd:
align=baseline
F1 is kampioen wurden……fan herte lokwinske

D1
D1 reizget ôf nei Ljouwert foar de sealkompetysje. Kinne sij dy goed ôfslute mei in oerwinning?

Antwurd: Zaalwedstrijden van sds d1, goed verlopen,de wedstrijd tegen de latere kampioen, gewonnen
Jammergenoeg de tweede wedstrijd verloren.
Het hele veldteam van sds d1 was aanwezig, 15 spelers, en ook nog sds f1 met z n allen aangemoedigd -Siets-

E1
Is it hjoed feest bij de heiten en memmen fan de bern fan E1 omdat se kampioen wurden binne yn de seal?

Antwurd:

E1 is kampioen wurden yn de seal. Dat is dus trije kear hieperdepiep hoera.

SDS League
Levert elkenien syn formulier foar de League op tiid (jûn foar 19.00 oere) yn of binne der wer guon krekt te let?

Antwurd: Der wiene guon dy sochten de grins op wat tiid oangiet……. Wij binne benijd wat de kommisje der fans eit

SDS 3
Kinne de SDS 3 spilers harren enersjy kwyt tidens it sealtrainen om 14.30 oere?

Antwurd: It hat safolle enersjy koste dat in reaksje nei de tiid  der net mear ôf koe.

SDS 4
Fine de SDS 4 spilers it sealtrainen om 14.30 oere in goeie oanlieding om nei de tiid efkes bij te praten?

Antwurd: Wierskynlik sitte se der noch en hawwe se harren mobyltsjes ynlevere moatte.

SDS 5
Soe de grutte seleksje fan SDS 5 sa’t dy klear stie foar it fjild fannemiddei, yn de seal ek sa grut wêze?

Antwurd: Gjin

Wepmasters
Soene de wepmasters der yn slagje om hjoed de nije kompetysjeyndieling foar de jeugd op de side te krijen?

Antwurd: Ja it is slagge. MC1 , D2 en D3, alle E’s en alle F’s sitte yn in nije kopetysje en de tsjinstanners binne bekend. Sjoch bij it eigen team.

Feanfans
Hoe soe it mei de SDS feanfans wêze neidat harren Riemer der mei opholden is?

Antwurd: Dat antwurd komt hjoed út Den Haach.

Fraachje
Soene wij noch aktiviteiten fergetten hawwe en krije wij dy noch troch?

Antwurd: Wij hiene ús noch ôffreegje kind, wa wurdt Frysk kampioen Fryskdamjen en soe Stoffel ek degradeare?

Antwurd: Dat komt fan Fedde Wiersma:
It útsje nei London (sjoch weppers woansdei 6-2) hat Jelle Wiersma goed dien! Op freed 1 febrewaris kamen de mannen werom út London.
Sneon 2 febrewaris begûn it kampioenskip Frysk Damjen. Jelle wûn op 2 febrewaris beide partijen, tiisdei 5 febrewaris wer winst en op sneon 9 febrewaris al wer beide partijen wûn.
 
Sneon wiene yn Hartwert de beide lêste rûnten. Jelle en Teake Kooistra út Hartwert (hy wie de lêste 4 jier kampioen) hiene beide de earste 5 partijen wûn. Ien fan dizze mannen soe kampioen wurde, dat wie al wis!
Yn de earste party spilen Jelle en Teake tsjin elkoar: it waard kamp!
 
Yn de lêste party wûn Jelle fan Stoffel Bouma. Teake koe it net risse tsjin Folkert Groenveld út de Jutryp; hy ferlear! Hjir troch waard Jelle Wiersma kampioen Frysk Damjen 2013!
Earder wie Jelle ek al kampioen yn 2001, 2007 en 2008.
 
Wat tige spitich is: Stoffel is út de heechste groep weifallen! Hy hie mar ien punt. No’t Stoffel net mear yn de heechste klasse meidwaan mei, hat er oanjûn dat er him de kommende jierren alhiel rjochtsje sil op mollen, it krytsjen fan linen en gânzen!
 
Groetnis,
 
Fedde

Harsens derby(958)
As de fjilden dan dochs sa min binne is it dan miskien in idee om sitfuotbaljen te gean?

Jûn of moarn de antwurden!