De SDS EK-League (5)

Eintiden Slachte
13 juni 2004
De Freonen fan SDS (slot)
14 juni 2004

Der binne natuerlik altiten minsken dy ’t meastentiids te let binne. Sy komme te let foar it trainen, te let út de kroech en leverje eltse kear de SDS League te let yn. Foar dizze minsken is der noch ien mooglikheid om de SDS EK-League yn te leverjen. Fansels wurde de útslagen fan juster dan net meirekkene. Omdat, sa as wy it sa gau sjen koenen, eltsenien Portugal – Griekenlân dochs ferkeard foarspeld hie, makket dit weinich út. Leverje dus hjoed noch gau de SDS EK-League yn! Wy hawwe no al mear as 50 dielnimmers. Moarn (moandei) kinne jimme hjir de earste stân ferwachtsje.

SDS EK-League
Foar it EK organisearje wy fan SDS in spesjale SDS EK-League. Foar 5 euro kinne je al meidwaan. As jimme it formulier folledich ynfulle dan wurdt dit jild automatisch fan je bankrekken ôfskreaun. It hinget fan it oantal dielnimmers ôf hoefolle prizenjild as der komt. De stân kinne jimme hjir eltse dei besjen. Ynfulde formulieren kinne jimme ynleverje by:
Willem Wijnia
Walperterwei 21
8731 CC Wommels

of mail se nei:
SDSLeague@vv-sds.nl

Klik hjirûnder en jimme kinne oan ‘e slach!

*
Invulformulier SDS EK-League