De pinguins komme der oan!!!

Wepperkes -tongersdei-
26 oktober 2006
Seleksjes -sneon-
27 oktober 2006

ONT spilet sneon 28 oktober tsjin SDS yn de Pein. Sij hawwe dy sneon útroppen ta pinguindei, omdat SDS yn swart wyt spilet. Wij witte einliks wat wij binne.


Wij stelle foar om yn oangepast ferfier der hinne te gean.. 

Om de wille wat te ferheegjen soe ús eigen húsorkest ek mei moatte…

…..en wij tinke dat de grinsrjochter syn sneinse pak oan docht foar dizze gelegenheid…

en wij binne der hast wol wis fan dat professor dr. pinguin Enno Bruinsma (fansels mei ingenieur pinguin Bergsma) ek mei giet…


ek de Bunnik side sil dizze reis nei Klompengea net foarbij gean litte


en sûnder pinguin Ypma gjin wedstryd fan SDS 1. Wij witte seker dat hij it fjild minstens 5 kear omrint yn de earste helte.

Ek pinguin Geart sil it ek allegear wer rêstich besjen.

Inkelde SDS’ers hawwe al bot nocht oan sneon en geane no al út hun dak (klik hjir).

Wy ferwachtsje dat Gerrit Terpstra noch skorst is en net yn oanmurking komme sil foar in plak yn de A-selsksje sneon. En terjochte nei dat akkefytsje fan lêstendeis(klik hjir).

Ek Jos Zonderland kin in plakje by SDS 1 ferjitte (klik hjir).


Ek Sibe ferwachtsje wij ek bij de wedstryd, hij wol allinne noch in garansje hawwe fan de webmaster fan ONT dat er net op him jaaid wurdt lykas yn Dokkum (tsja hoe kin it ek oars) , wêrfan wij
de ferskriklike bylden noch hawwe.

Tip foar de trainer fan ONT
Dy trainer fan ONT hat fansels hjir en dêr al efkes ynformeare nei SDS. Wij hawwe gjin geheimen en sette sûnder skroom ús eigen  
skoutrapport op dizze side.


En dit binne de neutrale taskôwers, dy’t ek fan herte wolkom binne.

Op dizze webside kinne jim alles oer ús lêze(klik hjir).

Dus geane wij der fan út dat elkenien dy’t bewege kin him sneon nei de Pein bejout om SDS te stypjen yn de striid om de boppeste plakjes. En is it net sa dat swartwyt dêr al ris feest fierd hat?