Wepperkes sneintemiddei

Training SDS 3,4 en 5
14 augustus 2004
De nije SDS League
15 augustus 2004

Nij ynternetlid
Wy kinne ús 2e lid wolkom hjitte dy ’t him oanmelden hat fia ynternet. Nei Gerlof-Jan “Corky” Hofstra hat ek Karst Kappe him oanmelden as nij lid fia ús webside.

LC-Coach
Oan LC-Coach dogge 9 SDS’ers mei. Jimme kinne dat
hjir besjen. Gean dan nei “subleagues” en ful dêr “SDS” yn. Jimme kinne ek besjen wat foar teams at sy hawwe. 

Jeugdbeleidsplan 2004
SDS wurket mei in jeugdbeleidsplan. Hoe dit yn mekoar stekt kinne jimme lêze ûnder “junioren“, pagina 2.

Bewarnûmer Treffer
As it allegear goed rint dan kinne jimme dizze wike it bewarnûmer fan ‘e Treffer yn ‘e bus ferwachtsje.

Oefenje
SDS 2 hat tiisdei dan ek hun earste oefenwedstriid. Sy spylje tiisdeitejûn yn en tsjin Hylpen. SDS 1 sil it nochris probearje yn Burgum as de fjilden it dêr tiisdei al talitte. Dan net tsjin Burgum mar tsjin sneons-earsteklasser BCV.

Krânsen?
Wa út it kransenklassemint hat dit wykein wer in krâns wûn? Neffens ús hawwe de Okkema’s der in krâns by en hawwe de Haitsma’s yn elts gefal hjoed neat wûn. Wa as der mear fanôf wit mei wol efkes maile nei
info@vv-sds.nl

Sjurt
Yn de winter fuotbalje se meielkoar yn it selde sjurtsje fan SDS. At je dan simmers meielkoar keatse wolle, dan soene je dat ek yn it selde sjurtsje dwaan kinne. By de federaasjepartij hoecht dat net en it bewiis waard levere op de Okkemapartij yn Easterein. Robert, Peter en Jan Simon kamen der net út hokker sjurtsje sy oandwaan moasten. Hoe’t it mei it resultaat op de Okkema partij gien is, is ús net bekind, mar dat se alle trije “lekker yn harren sjurtsje” sieten is dúdlik.

C3 nei Grins?
Ut de gegevens fan de KNVB docht bliken dat SDS C3 net yndield is yn in kompetysje. By neifraach die bliken dat se wol yn in kompetsyje sieten: tsjin allegear ploegen út Grinslân. Dat like SDS net sa’n goed idee, dus moat er in oare kompetysje opsocht wurde.

Veteranen yn de beker
Ek SDS Veteranen sieten yn earsten net yn de beker. Se binne no taheakke mei in wedstriid op 28 augustus tsjin Heech. Benijd hoe’t dat oplost wurdt, want op dat stuit sit in grut diel fan de seleksje op Skylge foar in lukratyf toernooi.

It 1e sealteam yn ‘e beker?
Hoe as it mei SDS 1 seal sit yn ‘e beker is noch altiten net bekent. Wy binne benijd.

Ik kin better mei….
Tsjerk en Hendrik Okkema (dy fan de Okkema party) woene dochs wol graach meidwaan oan harren eigen partij. Om net it risiko te rinnen dat se de priis wûnen, fregen se Stoffel as tredde maat. Se hiene yn eardere jierren goeie erfarings mei Stoffel, dat wol sizze , se hiene neat wûn.
It gefal wie dat yn de hite sinne Stoffel prima prestearde en moast er nei it ferlies in oare reden betocht wurde foar it ferlies.
Seit Tsjerk: Ik kin better mei Rein en Hurde Wyn.
“Dy koene seker net”, sei Hendrik gelyk want hy fielde wol dat syn posysje takem jier ter diskusje stiet.

Traine
Traine moat je better meitsje, in goeie tarissing nei in wedstriid is wichtich om goed te prestearen. Dat giet net altiten op. Sneon waard Henk Schievink yn Winsum Frysk kampioen fierljeppen mei goed 18 meter. Hy hie fanôf 20 july net in pols oanrekke, hie lekker op fekansje west yn Canada en wist mei in jetlag fan 6 oeren Frysk kampioen te wurden.