De nije SDS League

SDS B1
6 februari 2004
Kenniskwis (7)
6 februari 2004

De kompetysje is begûn en noch in wike en de nije SDS League begiet ek wer. Jimme hawwe noch iets mear as in wike om jimme nije team yn te leverjen.

Hjir kinne jimme de nije dielnimmingsformulieren fine foar de twadde helte fan it seizoen 2003/2004. Jimme moatte jimme team ynleverje foar snein 15 febrewaris 2004. At je ek oan de earste helte meidien hawwe dan doch je automatisch mei oan de twadde helte.

 

Jimme kinne jimme teams wer ynleverje by:

 

Roel Sybesma, De Singel 17, 8734 HP Easterein

of by

Willem Wijnia, Walperterwei 21, 8731 CC Wommels.

 

Ek kinne jimme jim team maile nei: SDSLeague@vv-sds.nl

 

De stân kinne jimme eltse wike neilêze op dizze webside ,hy hinget yn ‘e fuotbalkantine en ferskynt eltse moanne yn ‘e Treffer.

 

Hjir kinne jimme de benoadigde formulieren fine:

*Dielnimmingsformulier SDS League

*Spilerslist SDS League