De lêste lifterkes foar de race

Nijjiers-wepperkes
31 december 2005
Liftferslach 2006
1 januari 2006

Foar de lifters
Wij winskje alle lifters in lokkich Nowy Rok. Hâldt de kop der goed bij, nim gjin wodka oan fan frjemden want de Poalske pylsje jout boetes net allinne oan in beskonden rider mar ek at in beskonden passasjier op de foarbank sit. 

 

De ôfrûne wiken is der regelmjittich nijs pleatst by “wepperkes” oer it liftsjen. Hjir it folsleine oersjoch.

Lifterkes tiisdei 20 desimber

Op 1 jannewaris giet it wer oan. Foar de 5de kear wurdt de tradisjonele liftwedstryd holden fanút Jimbar yn Wommels.

Nei Milaan, Luxembrug, LandsEnd, Gotenburg giet de reis no nei Hel yn Poalen. At it no de namme Hel is of it lân Poalen, dúdlik is wol dat de dielname aardich lytser is as ferline jier. Opfallend is dat der mar ien frommiske meidocht.

De Bikkels dy’t meidogge binne:
Tjitte Jelle Verbeek út Easterein en Gertjan Hulzinga út Grins
Wybren Jorritsma út Ljouwert en Namkje Koudenburg út Grins
Tsjeard Hofstra út Wommels en Niels Postma út Snits
Gertjan Brandsma en Frans Piter Terpstra beide út Wommels
Sjoerd van Beem en Jan Stenekes beide út Wommels
Klaas Malda út Wageningen en Teade de Boer út Ljouwert

It SDS gehalte
Wij binne fansels bliid dat der ek bij SDS twa bikkels sitte. Sjoerd en Jan. Hiel tafallich sitte se bij SDS 3. Mar dat is wol echt hiel tafallich.
Wat de oaren oangiet binne der meardere dy’t in SDS ferline hawwe. Wat te sizzen fan Tjitte Jelle en Tsjeard: sij trochrûnen de Efkes en de Eetsjes.
Klaas Malda en Frans Piter sieten twa jier lyn noch bij SDS 3 en SDS 4.
Fan it fuotbalferline fan de twa Gertjannen en Wybren witte wij net folle: mooglik dat immen dat ús melde kin.
Fan Teade de Boer witte wij dat nei Nijlân syn hert bij SDS leit.

It doel en de ôfstân

De ôfstân fan Wommels nei Hel is 1148 kilometer.
Om jim in yndruk te jaan ‘wêr’t de reis einigt dan kinne
hjir sjen. (mei tank oan Tsjeard)

Noch in team?
De kâns is grut dat der noch in team bijkomt. In team mei in politike takomst. Omdat beslissingen yn de polityk net sa fluch nommen wurde as at je soms wolle, moatte wij noch efkes ôfwachtsje mei it bekindmeitsjen fan de nammen. Mar de kâns is oanwêzich dat de FNP in koalysje foarmet mei it CDA foar dizze wedstryd. Letter mear hjiroer.

Lifterke woansdei 21 desimber
Lifter
Juster waard er al op dizze hiemside it berjocht lanseard dat de 6 liftsjende koppels der twa tsjinstanners bij krije.
It
  part fan dit politike koppel is no bekind. Klik op it logo en jim sjogge de Wommelser Balkenende  Hij liket him no al op te waarmen bij it “hel”lefjoer.
Wij hoopje dat moarn it FNP diel har meld.

Lifterkes freed 23 desimber
Liftster
Juster koene wij al melde dat der in sânde koppel bijkommen is. Yn koalysje fan it CDA en de FNP. Nei’t earder it CDA al in izer sterke persoan nei foaren skood hie (Bram), is de FNP dêr no ek yn slagge harren sterkste troef op te jaan (Beitske )
  en .
Yn de ringongen wurdt al sprutsen fan it Bêd&Breakfast team.

De taal
De lifters, dy’t 1 jannewaris nei Poalen geane, binne dizze dagen drok dwaande oan Poalsk te learen.Want it skynt echt in probleem te wêzen mei de taal dêr want de Poalen kinne allinne mar Poalsk.
Wij hawwe foar harren fansels wol in pear leuke tips, want Tjerk van der Pol brocht ús de taalgids Ned-Poalsk.

At de teams yn Poalen lâns dyk stean dan kinne se it bêste mar begjinne mei: Dzien dobry (goeiendei) . Hoewol Hoi it ek altiten goed docht neffens ús.

Je soen dan it beste freegje kinne:  Gdizie panjedzie? Want dan begripe de Poalen dat je freegje wêr’t geane jo hinne.

Liket it jim wat ta, dan adfiseare wij om te sizzen:  Czy moge sie zpanem zabrac? Want dat betsjut : “mei ik mei jo meiride?”
At je dan ien kear yn
dy supersnelle auto sitte dan begjinne je fansels mei te sizzen:  Piekny samochoed, wat safolle betsjut as “moaie auto”.

Om it petear dan wat op gong te krijen en te holden dat kinne je it beste freegje: Czy ma pan jakies hobby? Grutte kâns dat hij dan de hiele reis ferteld oer syn hobby en kin it in aardich spultsje wêze mei de liftpartner om der efter te kommen wat er no krekt bedoelt.

En at je dan sa no en dan ris przyjemny sizze, dan is dat foar de sjoffeur wierskynlik in oanmoediging om troch te fertellen, want dat betsjut leuk

 

Lifterkes sneon 24 desimber 2005 

Efkes foarstelle – Jan en Sjoerd
Sjoerd en Jan: dat is hast in begrip yn dizze kontrijen. Se dogge in protte dingen it selde en meielkoar.

* Se wiene beide keeper yn de jeugd bij SDS
* Se fuotbalje beide bij
SDS 3
* Se leare beide foar skoalmaster
* Se wurkje beide yn Jimbar yn Wommels
* Se hawwe it hiel goed foar mei
sc Heerenveen
* Se liftsje al jierren meielkoar (sûnder in protte sukses)
Der is yn alle gefallen wol in ferskil: Jan wurdt heit en foar sa fier wij witte Sjoerd noch net.
Harren motto is:

 

Lifterkes moandei 26 desimber 2005

Poalske lândei
At je nei Poalen geane moatte je fansels wol witte wat dizze útdrukking betsjut.

De “Poolse Landdag” is spreekwoordelijk geworden voor een wanordelijke vergadering. De koning kon geen besluiten nemen zonder toestemming van de Sejm, welke op zijn beurt alleen besluiten kon nemen met eenparigheid van stemmen (1548)

 

Typysk Poalen

De Poolse keuken kan het beste omschreven worden door een Bourgondische inslag, traditionele gerechten die vergelijkbaar zijn met de Duitse keuken, en exotische elementen die door de Russen zijn toegevoegd. Soep is een verplicht onderdeel. De hoofdmaaltijd bestaat vaak uit vlees. U kunt zelfs een heel gevuld zwijn geserveerd krijgen. In het seizoen kunt u in veel restaurants heerlijke wildgerechten bestellen. Ook de vis is goed te eten. Een typisch Pools gerecht is bigos, een zuurkoolgerecht met verschillende soorten vlees, paddestoelen en worst.

 

Nije kollaazje
B en B (Bram en Beitske) binne no ek ferwurke yn de fotokollaazje fan de liftploech 1 jannewaris 2006.

 

Efkes foarstelle:  Teade en Klaas
Teade en Klaas  miene dat sy it ideale
koppel binne. Ferline jier hawwe se yn de selde gearstalling meiliften en einigen sij heech yn it klassemint. Doe op learzens omdat se tochten flugger in lift te krijen en no fêst wer op learzens omdat er op 1 jannewaris mooglik wol in meter snie leit yn Hel. De iene studeart yn Ljouwert wat mei ûnderwiis en de oare sit yn Wageningen yn de boeken om wat mear oer lânbou te witten te kommen..
Beide hearen hawwe down under west en binne yn it sâlt bebiten wrâldreizigers.

Lifterkes tiisdei 27 desimber

It waar yn Poalen
Yn Poalen is it noch net echt winter, hoewol der krekt foar de Kryst wol wat snie fallen is. Foar it aktuele waar kinne jim
hjir sjen.
Foar in aktueel byld yn Hel is de
webkam fansels fan belang.

Efkes foarstelle – Gertjan en Frans Piter
Gertjan Brandsma sil mei Frans Piter Terpstra besykje as earsten oan te kommen. Gertjan docht foar de 4de kear mei en hat dizze simmer oefene troch mei freon Tsjeard H. nei Portugal te liften. Syn foarkar foarkar foar bepaalde auto’s stekt hij net ûnder stuollen en banken. Ek lifte hij earder yn in simmer nei Barcelona. Frans Piter Terpstra, dy’t in pear lyn noch foutballe bij SDS 3 is in debutant. Hij hat wol in protte reiserfaring want 2 jier lyn hat hij in jierke fuort west nei Australie en Nij Seelân. In diel fan syn reis is yn byld brocht en kinne jim hjir sjen.

Lifterkes -woansdei 27 desimber

 Efkes foarstelle Wybren en Namkje
Wybren Jorritsma fan Wommels docht foar de 5de kear mei oan de liftwedstryd. Earst mei Jurjen nei Milan en Luxemburg, doe mei Klaas nei LandsEnd en ferline jier en ek no wer mei Namkje Koudenburg nei Hel. Foar Goaingeaster Namkje is it ek al wer de tredde kear, want sij lifte earder in kear mei Gertjan Brandsma. Wybren en Namkje hâlde tige fan reizjen. Sa binne sij dit jier mei de trein nei Moskou reizge en binne doe op de Trans Siberie Express stapt nei Peking ta. Sa’n reis is echt wat foar avonturiers.
De ûnderwizer yn spee en de studente psychology wiene ferline jier de winners.
Harren favorite nummer is  fan de Datsuns. ‘MF hel’. Dat betsjut Motherfuckers from hel. Of  ‘go to Hel’  fan Nina Simone.
Fan Wybren krije wij noch in kampioensfoto fan it fuotbal bij SDS (jaja) en fan Namkje in foto fanút de koktailbar yn Grins wêr’t se wurket.
Wybren syn fuotbalferline
Wij fregen ús ferline wike ôf at Wybren ek in fuotbalferline hie. Wybren joech gelokkich sels it antwurd. Hij hat fuotballe fan de F’s oant en mei de C’s en is 7 kear kampioen west. Hij spile yn it team wêr’t ek Cor van der Werf ynspile en Sytse van der Werf wie meast de lieder. Hij stie rjochtsheal of rjochtsfoar en syn hichteppunt lei yn in wedstryd tsjin Makkum doe’t hij 3 kear koppend skoorde út korners fan Jos. Wij krije as bewiis noch in kampioensfoto, hoewol wij perfoarst net twivelje oan syn wurden.


De kâlde oarloach.
It sil in kâlde reis wurde nei Poalen. Want yn Trabantsjes, âlde Skoda’s  en Lada’s moat je je waarm hâlde mei de hannen yn de bûs en de jas ticht.
In heale wike foar de tocht is de âlde oarloch al begûn. Sjoerd en Teade hiene wol in hiel
nijsgjirrich petear op MSN; ûnder it motto fan “Hoe’t in fakansje ta in Hell wurde kin”.  

Lifterkes – tongersdei 29 desimber


Toetsen

Sa’t jim witte binne it allegear studinten dy’t dizze helse tocht nei Poalen dogge.

Studinten moatte ek wolris wat studeare en harren kennis toete litte. Sjoerd en Jan (ja seker beide) wiene in toets fan it twadde jier efter en moasten ferline wike foar yn fan harren lêste kânsen in toets meitsje. At se der net slagje soenen, dan hiene se de alderlêste kâns op 4 jannewaris. Dat hie betsjutte dat se net mei koene nei Hell
Mar wij hawwe in goed berjocht krigen fan in meistudint: se hawwe it helle al moast it wol bij de helsdoarren wei komme.

Fan de 150 punten hie Sjoerd der 139 en Jan 111, wylst 88 genôch wie.


Bestellen

Hoe komt it dochs dat der dit jier mar 7 ploegen meidogge wylst dat ferline jier noch 12 wiene? It antwurd skynt frij ienfâldich te wêzen:

Gertjan Brandsma hat al ris dy kant op west mei Jaring Rispens. Tarieding hjitte dat. Beide yn Stattin flakbij efkes oan de wodka. In grutte stêd wêr’t se op de weromreis in nacht yn in hotel taholden hawwe. Dy nacht binne se apart fan elkoar bestellen. Jaring syn kamera, pear hûndert euro, en tillefoan ensf. Gertjan allinne syn tillefoan kwyt . Wy tinke dat dizze ferhalen inkele eks-lifters wol ôfskrikt hat.

 

Efkes foarstelle: Gertjan Hulzinga en Tjitte Jelle Verbeek.
Gertjan Hulzinga is twa kear reedlik suksesfol west  mei freondinne Marja.  Troch wurk koe sij helaas net meidwaan. Gertjan hat de 11 stêdentocht  dit jier rûn, hat dus in izeren kondysje, mar hopet foaral in soad yn de auto te sitten. Tjitte Jelle Verbeek docht al foar de 5de kear mei. Hij hat al in pear podium plakjes te pakken mar giet no foar goud.
Harren favorite nûmer soe wêze kinne: Bad out of Hell fan Meat Love

Op boppesteande foto in hiele protte Tjitte Jelles, in pear Gertjannen en per ûngelok ien Paul Reitsma (docht er dochs noch in bytsje mei) 

 

Lifterkes – freed 30 desimber


Efkes foarstelle: Tsjeard Hofstra en Niels Postma.

De meast erfaren lifter giet dizze kear mei in debutant de liftstriid oan. Niels Postma út Snits wol ek wolris yn Hel sjen en boppedat hat er yn syn fakkepakket Poalsk (!). Hij is ek in echte reizger want wenne skoftke yn Ingelân, rûn staazje yn Barcelona. Niels is fleurich en goederlaaks mar wat wolle je ek at je yn de Lachende Koe wurkje yn Snits.

Foar Tsjeard is dit mar in reiske. De ôfrûne simmer lifte hij mei Sjoukje Koudenburg fan Uden nei Straatsburg, fan Straatsburg nei Praag, fan Praag nei Oslo en fan Oslo nei Wommels, wylst hij in wike letter mei Gertjan Brandsma nei Portugal lifte en werom nei Wommels.

Dizze twa kommunikaasjestudinten hawwe in strategysk plan opsetten wat se net mei de oaren kommunisearre. Beide binne gek op snelheid en wodka sadat sukses fersekere liket.. Harren favorite nummer is: Highway to Hel fan ACDC.
Foar de goeie oarder: se rinne net altyd un rôse truien.

Ald liftnijs
Fan de foarige edysjes binne tige nijsgjirrige reisferslagen makke troch meardere dielnimmers. Jimme kinne dy ferslagen en in protte foto’s fine op de side fan
Jaring Rispens. Ek de reis dy’t Jaring mei Gertjan makke nei Poalen ta wurdt dêr beskreaun.

 

Efkes foarstelle: Bram van Beem en Beitske Kooistra
Wij hawwe it al ris earder sjoen dat 2 debutanten hiel ferrassend presteare kinne. Yn positive en negative sin, foar de goeie oarder.
Bram, de jongere broer fan Sjoerd is Thorbecke studint en hij hat al syn studzjegenoaten efkes op de hichte brocht fan syn foarnimmen. Dizze CDA politikus rekket himsels net ta de favoriten want hij wit dat it CDA nea allinne de macht hawwe kin. Foar in goed resultaat hawwe sij altiten in oare partij nedich. Bram hat dêryn in goeie kar dien, want mei de nr 2 fan de bêste partij fan ierde (de FNP) fan Wymbritseradiel is in prachtich koppel ûntstien. Beitske Koositsra hâldt fan
eehm.. a lovely weather, dancing, shopping, going out, girlfriends, boyfriends.. and my mommie!  Dêr is gjin wurd Frysk bij mar wij begripe it wol.

Se studeart SPH en wennet yn Gau.

De groetnis
Marja Graafsma dy’t al twa kear mei Gertjan Hulzinga lifte lit ús witte dat it kriebelt bij har. Sij hie graach mei wollen mar kin net troch it wurk. Sij sil it no allegear fia dit medium folgje.

 

Tip
Poalen komme ús oer it algemien net echt freonlik oer. No is it ek sa dat se hjir meast nachts komme en wer fuortbinne foardat de plysje se oanhâlde kinne.
Om se oan it gnizen te krijen jouwe wij graach in tip. Freegje de Poalen it folgende en wij binne der wis fan dat se laitsje:
Czy w okolicy jest plaza dla nudystow?

 

De winner neffens Willem
Neffens my kin der mar ien stel dy liftwedstryd winne op 1 jannewaris. Harren favorite nûmer sil wêze:
Hell ‘aint a bad place to be……………..
……………ACDC

 

lifterkes 31 desimber 2006

Briefke mei ferstannich praat
Dat de kâlde oarloach al dwaande wie koene wij dizze wike al sjen yn it MSN petear fan Sjoerd en Jan. Yn dit stik fan it ienige SDS koppel (dat dit jier echt de lêste kâns kriget om heech te einigjen) wurde alle dielnimmers efkes “skoffeard”. 
In prachtich stik mei ferstannich praat , sa’t se sels sizze. 

Tip fan Hans
Wy hawwe de goede side dan ek fûn. Spitich  dat der gjin plakjes frij wiene mear yn’e ploech. Wy hiene der graach by west. Oare kear mar better! Fansels wolle wy jim wol alle gelok, súkses, wille en wiisheid tawinske by dizze tocht, oer de besnijde, glysterige, nauwelijks begeanbere dykjes fan Poalen J. Neffens myn âld-buorfrou fan Poalske komôf, kin it fertuten dwaan wat aardichs as wat lekkers mei te nimmen foar de sjauffeurs dy’t jim meinimme. Docht it skynber goed yn Poalen.  Nochris súkses winske! Groetnis, Hans en Marijke!

AC-DC
|De echte fans fan AC-DC komme no boppe tafel. Feike Jorritsma jou ús ek noch wat muzikale tips:
– DER IS NO HYWAY TO HELL
– HELL’S BELLS

Lifters Top 10 aller tiden
1- AC-DC : Hell aint be a bad place to be
2- Entombed:  Full of Hell
3- Mobb Deep – Hell on earth
4- Darkness – One way ticket to Hell,….and back”
5- Hell’s Bell – AC DC
6- Go to Hell – Nina Simone
7- Mother funckers Hell – Datsuns
8- Bad out of Hell – Meat Loaf
9- Go go to hel – Starzy sisters|
10- Louder than Hell – Motley Crue

Platen dy ’t de top 10 krekt net hellen:
* Black Sabbath – Heaven and Hell
* The Misfits – Living Hell
* Machine Head – Hell Alive
* Saxon – To Hell and back again

Sneintemoarn 1 jannewaris 2006

Foar de lifters
Wij winskje alle lifters in lokkich Nowy Rok. Hâldt de kop der goed bij, nim gjin wodka oan fan frjemden want de Poalske pylsje jout boetes net allinne oan in beskonden rider mar ek at in beskonden passasjier op de foarbank sit. 

Oftelle
It ôftellen is begûn. Noch inkele oeren en 14 bikkels geane de striid meielkoar oan foar de liftwedstryd Wommels -Hel.
Yn de Ljouwerter Krante stie juster dit stikje:

Oanmoediging
Foar Amarins Veenstra is it noch in fraach hokker kant de lifters útgeane:
Hel of Hemelum(um)hhhmmmm.
Heren oan jimme de keus.   Sukses!!!

Hawwe jim nijs oer de lifters of wolle jim noch wat melde, maile kin fansels altiten.

 

Geplaatst door: aant op 23 december 2005