De kwisregels

De priis!!!!!
7 februari 2004
Ferlet ferslach
9 februari 2004

Tongersdei 12 febrewaris om 21.30 sil it heve: de earste SDS kenniskwis ûnder lieding van Fred en Aant. Der sil striden wurde om de titel: fuotbalprofessor fan SDS.

Der binne 5 dielnimmers:

Dielnimmer 1: Robert Sijbesma

Dielnimmer 2: Wichard Deinum

Dielnimmer 3: Pieter Kamstra

Dielnimmer 4: Durk Okkema

Dielnimmer 5: Willem Wijnia

 

De striid begjint mei 4 foarronden.

Ronde 1:

Alle dielnimmers krije om bar 5 gelyksoartige fragen. In goed antwurd levert 1 punt op.

Ronde 2:

Alle dielnimmers krije ien fraach dy’t bestiet út twa parten. At beide antwurden goed binne, levert dat 2 punten op. Ien antwurd goed levert neat op.

Ronde 3:

Der wurde 8 fragen foarlêzen. De dielnimmers kinne hieltyd kieze út trije antwurden. De dielnimmers jouwe tagelyk oan wêr’t se foar kieze: A, b of c.

Foar elke fraach is der 1 punt te fertsjinjen.

Ronde 4:

Der binne 25 fragen yn de pot. Dielnimmers kieze om bar in nummer en krije de fraach foarlêzen. Is it goed, dan krijt dy dielnimmer 2 punten. Is it ferkeard dan meie de oare dielnimmers it antwurd op papier sette. Hawwe se it goed dan krije se noch in punt.

 

Nei dizze 4 ronden wurdt bepaald hokker twa spilers nei de finale gean. Binne der kandidaten gelyk einige dan komt er noch in tusken ronde. Yn dy tusken ronde krije de dielnimmers de selde fraach en moatte it antwurd opskriuwe. At ien in ferkeard antwurd hat en de oare hat it goed is it beslist.

 

En dan is it ….skoft

 

Finaleronde

Der wurde 15 fragen steld. Wa’t earst drukt, jout it antwurd. Is it antwurd goed levert dat in punt op. Is it ferkeard dan giet er in punt ôf. De fraach giet dan oer nei de  tsjinstanner. Dy skoort in punt at er it goed hat.

Einigje de tsjinstanners gelyk nei 15 fragen geane wy troch op de selde wize.

De winner krijt it prachtige byld fan de “de fuotbaleprofesoor fan SDS”