De foar- en neidielen fan in lisfyts

Doelpuntenmakkers
12 oktober 2003
Kangoeroe frij yn Rottefalle
13 oktober 2003

IK GEAN DER EK MAR BY LIZZEN

 

Dit ferhaaltsje soe al yn de foarige treffer mar dyjinge dy it opmakke stie hiel ticht by dit foarfal en dus mar in moanne letter en om net wer fuort stjoerd te wurden, dizze kear op de web.

 

Ik woe ‘t efkes ha oer de foar -en neidielen fan in lisfyts.

 

Earst mar ris, wa hat no in lisfyts want litte wy earlik wêze soks is net gewoan. As der immen op ien as oare fytspaad mei sa’n lisfyts, mei as sûnder “airodynamyske helpmiddels”, dan sjocht trije koart fan de minsken efkes om.

Omdat hja sa bysûnder binne? Om te sjen hokker apart man dêr op sit? Doogje hja wol?

 

Ik wit wol, hja ferpeste it in bytsje foar ús want sjogge jimme noch wol ris (ja, it is hjoed de dei te kâld) ien fytsen yn in minie rokje? Dat komt omdat dy minsken op dy lisfytsen harren eagen goed de kost jaan. Foar de gewoane fytser is ‘t spannend mar sy, sy sjogge omdat hja lizze, der hast yn op!

Dit is miskien wol ien fan de foardielen. Hat it ek mear foardielen?

Ik tink fan wol want om op sa’n fyts te fytsen binne jo boppe modaal, sis mar gewoan amtner want soks is foar de gewoane man eins net te beteljen en hja, hja krije soks ûnder it mom fan, sjogge jimme wol, wy gean sa nei ‘t wurk en dat wol de baas wol stimulearje.

Ja, lizzend fytse, en bekomme op it wurk wol wer fan dat fytsen.

Men kinne der dus by lizze en lizze ticht by de grûn dus it fallen is neat mear.

Men kin net op it spultsje falle by efkes hurd oantraapjen.

It sicht is optimaal.

It swaaien nei immen kin sawol as mei de hân as mei de foet.

It skynt dat hja hurder fytse kinne.

It falt my mei dat der noch net in “spartamet”  fan soks is.

Hy wurdt nea stellen want wat moat in dief mei in lisfyts.

 

Dan de neidielen:

Jo moatte gjin lêst fan de rêch ha.

Men kin net efkes noflik op it stjoer leune.

Omsjen is in toer dus hja hawwe spegels! Dy sitte der op mar oft hja der yn sjogge (sneons teminsten net)?

De hannen binne earder op de grûn dan de fuotten.

 

Gean ris fuotbaljen yn it fiifde. De striid is al om healwei trijen dien en dan in pear dopje. It tempo by ús leit nei de wedstriid allike h(l)eech as yn de wedstriid en nim dit fan my oan, wy geane der foar. Fleane, drave, sprinte, úthymje, skoare, flybkje, djip gean, rochelje,  sakje litte, hakje en dat njoggentich minuten lang.

Efkes neisitte, de tredde helte. It tempo lei h(l)eech en dan nei hûs op in lisfyts. Wy tochten soks is gjin inkel probleem mar foar guon (der stiet meastentiids mar ien lisfyts) falt soks net mei.

Is soks no in neidiel mei in pear bierkes op? Miskien stie de sinne wat te h(l)eech (meastentiids is it tsjuster as wy nei hûs geane).

Foar guon wol want dan wer lofts en dan wer rjochts kipere hy fan syn lisfyts ôf. Hy wie tige leech by de grûn, miskien wol te leech. It swit rûn him ek fêst net yn de eagen want hy hat der eins al muoite mei om yn de wedstriid te switten.

Op it lêst waard hy oantreaun en mei dy help gie it ridlik goed. Fierder hawwe wy him net neisjoen want as in amtner nei hûs wol dan is der net wer tiid foar in praatsje, hja moatte seker thús ek klokke?

 Bolke twa?
 Fierút de feiligste lisfyts(at der gjin auto’s oankomme)

Hjir noch in link nei de side fan it wrâldkampioenskip fytsen fan foarich jier wat troch de lisfytsen net hielendal sa’n sukses waard: http://httpd.chello.nl/~h.van.oers/bwfiets.htm