CVVO-SDS tiisdei 19.00 oere

Ype Tiemersma topskoorder fan de klup
25 mei 2003
SDS wint wer fan CVVO
27 mei 2003

Tiisdeitejûn wurdt de belangryke neikompetysjewedstriid tusken CVVO en SDS fuotballe. De wedstriid begjint yn ‘e Lemmer om 19.00 oere. Sa at it neffens ús informaasje stiet is der by SDS net ien skorst. SDS hat de earste wedstriid mei 2-1 wûn.

At SDS nei de finale giet, dan moatte sy sneon 31 maaie tsjin Bolswardia of Trynwâldster Boys. Bolswardia hat de earste wedstriid mei 2-1 wûn.

Bolswardia soe fansels aardich wêze as revanche op de finale fan foarich jier.