Alwer Wepperkes

Samar Wepperkes
15 juli 2004
Peter en Geartsje hawwe in soan!
17 juli 2004

Bus sjips heechhâlde(3)
It rekord “in bus sjips heechhâlde” is mei nammen by de famylje Scheltema in wiere kompetysje. Dan hat Britt it rekord en dan Sicco wer. Britt dy ’t knap mei in nij rekord fan 31(kear). Efkes hjirnei die Sicco it knap mei 30 kear wylst Britt him yn ‘e nekke stie te hijgen. Doe ’t Britt efkes net op stie te letten pkate dochs Sicco it nije rekord wer. Hy die dit mei in oantal fan 40(!!!) kear. Gean der mar oanstean!
Probearje it sels ek ris en klik
hjir.

Beckhams bal(3)
De priis fan Beckhams bal is yn 1 dei hurd keldere. Wie der juster noch 10 miljoen(?!) euro, no kostet der noch mar 23.000 euro. Ik sit der suver oan te tinken om mar wer ris in bod út te bringen. Ik kin dan ek noch wol nei Lowlands en miskien ek noch wol mei de frou en de lytse der in wike út. As jimme mei biede wolle, klik dan 
hjir.

Nije trainingsfjild
As it goed is sjit it al aardich op mei it nije trainingsfjild. De nije ljochtmêsten steane al. It waar sit allinne net sa mei. Dat nije gêrs kin wol fersûpe. Hat der noch ien resinte foto’s fan it nije fjild, mail se dan efkes nei
info@vv-sds.nl.

Min waar
Mei sok min waar binne de fjilden ek sompe. De bal wol dan net mear goed rolje. De âld-spits fan PSV, Jurrie Koolhof, wit wat ik bedoel. Sjoch
hjir mar ris.

Rabje(3)
* Nikos Machlas(ex-Ajax, ex-Vitesse) giet nei 8 jier werom nei OFI Kreta.
* Ronald Koeman kiest foar de wedstriid om de Johan Cruijff-skaal wa as syn earste keeper dit seizoen wurdt. Lobont of Stekelenburg.
* Wiltord(Arsenal) giet heechst wierskynlik nei Manchester City.
* Kluivert(Barcelona) giet mei Newcastle United om ‘e tafel.
* Arsenal wol Morientes(Real Madrid) graach hawwe.
* Real Madrid fynt Vieira(Arsenal) foarearst te djoer.
* Barcelona wol Djibril Cissé fan Liverpool oernimme wylst hy noch gjin wedstriid foar Liverpool fuotballe hat. De nije manager fan Liverpool, Rafael Benitez, wol kommend seizoen starte mei Milan Barros en Michael Owen yn ‘e spits.
* Michel Breuer(Excelsior) hat foar 3 jier by SC Heerenveen tekene.

Nijs?
Hawwe jimme noch nijs foar dizze webside, mail it dan efkes nei
info@vv-sds.nl.