Aldjiersweppers

Hast âldjierweppers
30 december 2010
Nijjiersdeiweppers
1 januari 2011

Krysttoernoai Frjentsjer
Hjir kinne jim it útgebreide ferslach fine fan it Krysttoernoai fan Frjentsjer fan de webside fan ZVF.

Aldjiersdei
Sûnt it bestean fan de sporthal yn Easterein is der op âldjiersdei de mooglikheid om it alderlêtste swit fan it ôfroune jier efter te litten troch mei syn allen efkes te sealfoutbaljen fan 14.00 oant 15.30 oere. Dêrnei is dêr de mooglikheid by de brûs om it focht te koart oan te foljen en eltsenien alfêst de beste winsken ta te winskjen foar it nije jier. 
wannear : freed 31 desimber
wêr        : sporthal de Greidhoeke Easterein
tiidstip    : 14.00 – 15.30 oere
foar wa   : senioaren dy’t graach noch efkes balje wolle.
Oant freed 
Tjeerd Dijkstra


SDS-frouljussealtoernoai
Moandei 27 dec. hiene de froulju in moai sealfuotbaltoernooi. Mei yn totaal 27 dames wie dat in hiele opkomst. Fjouwer teams farieërend fan Ushi, Dushi, Loesi en Poesie makken it in spannende jûn.
De Winners wienen de Ushi’s :Jitske, Jildau, Antje, Geertje, Neeltje, Sieta en Susan.
Penalty Poes 2010 is Tryntsje. De ienige dy’t skore koe by (goeie!) keeper Bauke!!
Bedankt foar de dit sportive krysttoernooi dames!
Anna Marijke en Janneke


Nije trainer fan SC Heerenveen
As SC Heerenveen kampioen wurde wol dan wurdt dit skylk de nije trainer(klik
hjir).

Lifters
De lifters komme nijejierdei werom nei Wommels. Oan it
begjin fan de jûn sille se bij Jimbar oankomme. En dêrmei komt in ein oan 10xlifte.

8 jannewaris
Op 8 jannewaris 2011 is de nijjierssit fan SDS. Neist de snertrin, de muzyk en it draaiend rêd is der dit jier ek wer in kwis, wêr’t elkenien oan meidwaan kin. Dêr wurdt no hurd oan wurke.

Moaiste goal
Wat ús oangiet wie dit de moaiste goal fan 2010:


Harsens derby (366)
Dizze lju moatte yn 2011 noch mar efkes goed oefenje op harren orisjinele frije traap: