Nijjiersdeiweppers

Aldjiersweppers
30 december 2010
SDS 1 winterprogramma
2 januari 2011

Beste winsken
Wij winskje elkenien in moai, sûn, sportyf en blessurefrij jier ta mei goeie trainingen, spannende wedstriden, in soad punten yn in geweldige sfear.

Dêr wie ik bij!!
Der barre soms dingen wêr’t je bij binne wêrt de grize je oar de grauwe rint, mar wêrfan je letter, folle letter sizze: Mar ik wie der wol bij. Hjirûnder in wepper oer Freddy Scheltema dy’t bij Liverpool wie.

Liverpool

Op myn jierlikse bedevaart nei Anfield Road, Liverpool seach ik, en freon Peter van Beelen, de slechste wedstriid (folgens de kranten en de BBC) fan de lêste 57 jier. En ik moat se gelyk jaan: it wie net oan te loeren. Liverpool – Wolverhampton Wanderers 0 – 1! Schande, schande.
Foaral de foarstopper fan Liverpool, Kyriagos die my mei weemoed werom tinken nei Neno Viëtor, Tsjalling Haakma, Age Metzlar en net te ferjitten Master Hingst!!!
De oare deis ha wy in rondleiding troch it stadion hawn….ik koe it net litte. 
PS, Troch dit “resultaat” begryp ik no better wat Feyenoord fans elts jier trochmeitsje.

Sjoerd
Sjoerd van Beem, tredde yn de liftwedstriid, geniet op dit momint fan de moaie dingen yn it libben yn Bergamo. Hjoed komt hij wer nei hús en jûn wurdt hij opfongen troch Jan Stenekes yn Jimbar. Hij docht Jan alfêst de groeten neidat Jan nochal loovend oer Sjoerd west hie.
“Hee, Jan, dank foar dyn hertferwaarmjende  berjocht op de side. Ik wit datsto se alle 24 net yn it kratsje hast, oars hie ik net sa leaf fûn. Hâld ek fan dij. Tút.”

14 ballers
Der wiene justermiddei 14 sealballers op it tradisjoniele âldjiersdei oardeloerke. Dat hat wolris mear west. Neffens de geruchten wie Tjeerd Dijkstra der foar de 28ste kear.

Hege tafel
Sa’t wij allegear witte, stean der yn de kantine fan de sporthal  in oantal hege tafels fêst yn de grûn. Dat is al hiel lang sa. Dat hat altyd sa west. At je dêr foar it earst komme dan hat it wolris kâns dat je de tafel efkes ferskowe wolle omdat it better past. Ek bij in twadde besite oan de kantine soe dat ek noch foar komme kinne. Mar it wurdt oars at je al 28 jier yn de hal/kantine komme en meibalje op dit toernooike en dan noch besykje wolle de tafel in eintsje te fersetten. Wier it barde juster. Wij neame gjin nammen. Dêr hâlde wij net fan.

Knalle
Tom & Pieter hâlde net sa fan dat geknal mei âld en nij. Krekt út de sporthal sjogge de mannen lju mei molkbussen sjouwen. “Wêrom nimme se dat eins gebitsjitte, heit?”

Harsens derby (367)
De trainer fan Liverpool, Roy Hodgson, sil syn kop der goed byhâlde moatte om Liverpool wer oan it fuotbaljen te krijen. Wy soenen dan ek mar net te hurd rosse:

Letter mooglik mear en oars moarn fansels!