De nije SDS League

Aantleaze wepperkes
6 september 2004
Seal: SDS 2 wint by debút
6 september 2004

Oan ’t no ta hawwe wy sa ’n 40 oanmeldingen foar de SDS League. Neffens ús is dit fansels noch lang net genôch. Wy misse noch in soad minsken dy ’t de foarige kearen wol meidienen. Om dochs noch safolle mooglik dielnimmers te krijen mei eltsenien syn team dizze wike noch ynleverje. Wy hoopje dat jimme dat noch dogge. Hoe mear as der meidogge hoe leuker as it is en hoe mear as SDS der ek oan hat. Leverje dus sa gau mooglik noch in team yn.

Jimme kinne jimme teams ynleverje by:

Roel Sybesma, De Singel 17, 8734 HP Easterein

of by

Willem Wijnia, Walperterwei 21, 8731 CC Wommels.

 

Ek kinne jimme jim team maile nei: sdsleague@vv-sds.nl

 

De stân kinne jimme eltse wike neilêze op dizze webside ,hy hinget yn ‘e fuotbalkantine en ferskynt eltse moanne yn ‘e Treffer.

 

Hjir kinne jimme de benoadigde formulieren fine:

*Dielnimmingsformulier SDS League

*Spilerslist SDS League

Fansels stiet der ek in oanmeldingsformulier yn ‘e lêste Treffer.