Sneon 8-12-2021

Twitter
11 december 2021
Weppers moandei 13-12-2021
13 december 2021

Hawwe jim in ferslach, in (alvetal)foto of oars wat aardichs mail it nei aant@vv-sds.nl of willem@vv-sds.nl!
Appe nei Aant mei ek 0655117582

09:00 ST SDS/Nijland JO17-1 – SC Franeker JO17-2 5-2
09:00 SDS JO9-1 – Zeerobben JO9-2 5-1
09:00 SDS JO8-1 – Oosterlittens JO8-2
10:00 SDS JO12-1 – Tzum JO12-1JM 10-0
10:00 SDS JO11-1 – Scharnegoutum’70 JO11-1 0-0
10:55 ST SDS Nijland JO19-1 – St.Annaparochie JO19-1 2-8
12:30 ST SDS/Nijland JO15-1 – LAC Frisia 1883 JO15-2 gnt
13:00 SDS 5 – Leeuwarder Zwaluwen 8 1-0
15:15 SDS 1 – SC Bolsward 1 oefen
08:45 Workum JO13-1 – ST SDS/Nijland JO13-1 6-5
08:45 Minnertsga JO9-1JM – SDS JO9-2 3-1
10:30 ONS Sneek JO15-3 – ST SDS/Nijland JO15-2JM gnt
11:00 SJO DFC JO10-1 – SDS JO10-1
12:30 ONS Sneek 5 – SDS 4 3-1
14:00 SC Joure 5 – SDS 3 3-1

SDS 1 – sc Bolsward 1

De oefenwedstriid SDS 1- sc Bolsward 1 wie dit seizoen al earder spile. Doe wie SDS “nergens”,  no wie it in gelyk opgeande striid.
Bij it skoft 0-0, nei 90 minuten 2-0.
Doelpuntenmakkers Teun Heeres en Lourens van der Pol

Op twitter kinne jim it twitterferslach fan dizze wedstriid lêze en op Henk Bootsma syn facebook hiel wat mear foto’s

sc Joure 5 – SDS 3

Op foarhân soenen je sizze dat SDS wol efkes 3 punten ophelje soe tsjin sc Joure 5. Sy steane ûnderoan en SDS docht mei om de boppeste plakken. It wie allegear oars. SDS stie mei de rêst mei 2-1 efter. Sc Joure wie de earste helte folle better en SDS hie noch gelok dat it noch ien kear skoorde mei help fan Hendrik de Jong. Yn de twadde helte soe SDS wol efkes sjen litte dat sy alderaardichst fuotbalje kinne. Dat slagge! Utsein dat sc Joure de twadde helte noch wol skoarde en SDS net….. Al mei al de moaiste twadde helte fan de reserve 4e-Klasse dizze wike en ûndanks it ferlies giet SDS 3 mei in hearlijk gefoel de winterstop yn.
No al nocht yn de twadde helte fan it seizoen!

ONS Sneek 5 – SDS 4

In frije traap binnen it strafskopgebiet op 5 meter fan it doel, waard der ynramt troch….. Mark  Klijnsma.

SDS 5- Leeuwarder Zwaluwen 8

De LC wie der foar in sfearferslach. Moandei kinne jim alles yn de sportbijlage fan de krante lêze.
Wij ferklappe dat Robert S skoarde út in foarset fan Peter S mei supporter Sven S oan de line.
Einstân 1-0

Minnertsga JO9-1JM – SDS JO9-2

Hjoed de lêste wedstried foar de winterstop. Op een wit kunstfjild om 8.45 oan de ôftrap in Minnertgea. Beide ploegjes foutbalden prachtig, sds ietsjes better en een hiel soart kansen. Dan is ’t foar us sa jammer dat Minnertgea een fantastische keeper op’e goal hat, die tot de rust werkelijk alles keert.
Al stie hij soms hast op t middenfjild en mocht hij de bal nog steeds oppakken, nimt net wei dat ’t mantsie fantastisch stie te keepen. Nei rust een selfde beeld, en de oanfallen waarden toch beloond. Tiede spiele ‘m knap troch de verdediging hinne en spiele keurig ôf op Bauke, die’t de fertsjinne 0-1  makke.
Dernei een eigen goal fan us, trochdat de verdediging opredde woe, mar de bal hurt in de eigen goal fleech. Sa jammer, mar ja, dat kin gebeure, dat giet net mei sin.
Toch knapt d’r dan wat, hartstikke logisch, en Minnertgea scoort nog 2 x. Dus super goed foutbalje hjoerd, mar toch ferlen. En dan meie je absoluut even balen en verdrietig wezze. Dat typeert de juiste sportmentaliteit. Mantsies, en dame, Jeroen en ik binne grutsk op jim. Jim gjin echt mei sprongen foarut. No eerst ff winterstop, dan gjin we d’r in ’t foarjier wer tsjin oan. Top.
Boudewijn

Winterske fjilden

Sneontemoarn wiene de fjilden wyt en de temperatuur ûnder 0. In goed momint om moaie plaatsjes te meitsjen. Sjoch hjir