15 Efkes Ballers

SDS 2 2014-2015
8 augustus 2014
Weppers moandei 11-8
11 augustus 2014

Mar leafst 15 man melden harren foar al wer in edysje Efkes Balje. Op it fjild wêr’t it gers woansdei te lang wie foar it keatsen en it fjild no te droech like foar in lekker potsje fuotbal.

Mar sjoch dêr de goeie kontakten dy’t Harry en Ferry mei

Pluvius, de god fan de rein hawwe.

Krekt foar healwei achten makket in flinke bui der in moai fjild fan. In lyts útstel fan it begjin want de “famkes” moasten efkes skûlje wylst de jonges al fêst in wiet pak hellen mei it ynskoppen.
Der wiene wer in oantal debutanten sa as de bruorren Robin en Luka van der Weg en der wie sels in MKV-ér bij wêrfan de namme troch in goeie nachtrêst yn it ferjitboekje kommen is.
It wie foar Remon Bouma in weromkear op it fjild wêr’t hij woansdei mei it keatsen noch ûnderút gie. No koe hij mei de holle omheech it fjild ferlitte want hij siet bij de ploech dy’t it alderlêste doelpunt makke.  Sa wiene dêr ek wer heit en soan Vellinga, heit en soan Hylkema en dy striden ek wer hiel wat moaie duels út.
Opfallend wie ek it optreden fan Johan Heerma.  Ferline wike útfallen mei in heupblessure, woansdei op de freule de tango en de fokstrot noch dûnsje, fol goeie moed útsjen nei de freedtejûn, healwei de middei konstateare dat it dochs net slagget en der jûns wol bij wêze ….op bleate fuotten. In held dus…..

De winners wiene: Robin, Johan, Jildert, Remon, Pieter, Folkert Rients  en
Tjerk van der Pol dy’t mei 30% begong mar einige mei in 100 % winnend doelpunt.

(ah)