Weppers tongersdei 8-11-2017

Grut nijs; Douwe Posthuma nije trainer SDS 1

Juster op de ledengearkomst waard bekend makke dat Douwe Posthuma nei dit seizoen trainer wurdt fan SDS 1. Douwe is op dit momint trainer fan Nijland en hat earder trainer west by Creil. By Nijland is Douwe yn it seizoen 14/15 kampioen wurden yn de 3e-Klasse.  Douwe hat Oefenmeester 2 en hat mei û.o. Marco Hoekstra de oplieding tot Oefenmeester 2 dien. Hy is in ambitieuze trainer mei in dúdlike fysje en bekind mei sawol de âldere as jongere spilers fan SDS en hat as spiler fan Nijland faak tsjin SDS fuotballe en is as trainer SDS geregeld tsjinkaam. Douwe is neist fuotbaltrainer leraar Ingels op it Bogerman College.
SDS is tige wiis mei it binneheljen fan Douwe as trainer en hopet mei him boue te kinnen oan SDS.

Grut nijs; Van der Eems tekent by

Juster op de ledengearkomst waard ek bekend makke dat Grafische Groep Van der Eems ek de kommende 3 jier haadstiper fan SDS wêze sil. Moandei tekene Durk-Jorrit van der Eems by as húsdrukker fan sc Heerenveen en tiisdei dus ek as haadstiper fan SDS. In moaie opstekker tochten wy sa!

Grafische Groep Van der Eems verlengt sponsorcontract

Grut nijs; Marco Groothof folget Oetze op

Nei 8 jier swaait Oetze Paauw ôf as haad akkomodaasje fan SDS. Marco Groothof sil him opfolgje. Marco wennet sûnt 1 jier mei frou en bern yn Easterein. Sy begjinne al echt op in SDS-famylje te lykjen. De trije jongens fuotbalje by SDS en ien fan de soanen fluitet ek wol gauris. Marco syn frou Marjo nimt plak yn de jeugdkommisje fan SDS. Wolkom by de klup!

Doelpunten

Yn de Treffer stiene der mar 3 froulju boppe oan yn it doelpuntenklassemint fan dit jier, no binne it al 4….. Wêr giet dit hinne? Sjoch hjir.

Kantine

Jûn traine wer de JO19-1, SDS 1, 2, 3 en 4 en dêrnei is de kantine iepen foar in hapke en in snapke. Christian sil jim fan ien en oar foarsjen.

SDS-League

Jûn om 20.32 kinne jim hjir op de webside en yn de kantine wer de nijste stân fan de SDS-League ferwachtsje.

Harsens derby (1944)

Froulju kinne dit dus ek…………..