Weppers moandei 16-4
16 april 2018Weppers tongersdei 19-4-2018
19 april 2018SDS JO 19-1 jûn yn aksje
Jûn om 20.00 oere nimt SDS JO19-1 it thús op tsjin ONB JO19-1. It is in útstelde kompetysjewedstriid.
Programma 3A
Jûn wurde der twa ynhelwedstriden spile yn 3A de klasse wêr’t SDS 1 yn sit. Sjoch hjir.
SDS Seal
Woansdeitejûn komt SDS seal yn aksje. Sij spylje om 19.30 in útwedstriid tsjin Futsal Heerenveen.
SDS 1 traint jûn net
Nei in dreech en dûbel programma nimt SDS 1 jûn efkes frij fan trainen om harren tongersdei wer hielendal op te laden foar de útwedstriid kommende sneon út tsjin NOK.
Ynhelje
Yn de 3e-Klasse A binne jûn twa ynhelwedstriden. Nijland 1 fuotballet thús tsjin Bant 1 om 18.45 oere en Willemsoord 1 thús tsjin Oeverzwaluwen 1. Nijland kin jûn hiele goeie saken dwaan yn de striid om de 2e Perioade.
Jelle Bouma stoarn
Justerjûn berikte ús it tryste berjocht dat Jelle Bouma út Easterwierrum stoarn is. Jelle hat sa ’n 25 jier op de Skoalleseize en yn en rom de sporthal omslein en in soad wurk fersetten. Jelle wie de man efter de skermen. Hy wie banenpooler by de Gemeente Littenseradiel en soarge dat alles der wat kreas by lei. In soad frijwilligers fan de Skoalleseize en SDS hawwe wol wurk mei him fersetten. Us omtinken giet nei de neibesteanden fan Jelle.
Nij kassasysteem
De Skoalleseize krijt in nij kassasysteem. Tongersdei- en freedtejûn sille sy hjir útlis oer jaan yn de kantine. Dit begjint om 20.00 oere en sil sa ’n trije kertier duorje. Dit is foar alle lju dy ’t wolris efter de bar stean yn de kantine. De Skoalleseize regelt hapkes en snapkes.
Harsens derby (2012)
Seedorf makket mear yndruk mei syn fuotbalkwaliteiten as syn trainerskwaliteiten.
Pats. Dood. #Seedorf pic.twitter.com/sbB9nkclfa
— Alle Jent van der Meulen (@ajmeulen) 16 april 2018