Weppers moandei 16-4

Fiktive stân yn 3A


De stân yn de tredde klasse A is noch altiten fertekene. Dat sil ek noch wol in oantal wiken duorje wantdat ynheljen giet net sa hurd. Wij seagen efkes nei in alternative  ranglist mei in gemiddeld oantal punten wat helle is oant no ta. Dan binne der in oantal ploegen dy’t wat te heech stean (read) en in oantal ploegen dy’t noch wat klimme (grien). Op basis fan it gemiddeld oantal punten stiet SDS no ien plakje te heech.

777

SDS 1 spile sneon foar de 7 kear lyk, nei ek al 7 kear wûn te hawwe en 7 kear ferlern. It winnende lotnûmer by de programmaboekjes wie dan ek 777. Sels by it Draaiend Rad foel der in priis op nûmer 777.

Debút fan in Reahûster

De Reahûster Wierd Hofstra foel sneon 10 minuten foar tiid knap yn en hie sels noch in knappe assist op de hast 1-0, mar wie hy no de earste Reahûster ea yn SDS 1?
Wy krigen reaksjes fan Friso Albada, Jan Keuning en de mem fan Wierd, Tina.
Tina herinnere ús der oan dat de broer fan Wierd, Jorrit, as spiler fan de JO19-1 ek in pear kear mei SDS 1 mei west hat.
Friso en Jan Keuning gean der fanút dat Harm-Jan Klijnstra wolris mei SDS 1 mei hat yn de jierren 70. Harm-Jan fuotballe meast yn it 2e, mar hat fêst ris meidien. Harm-Jan wenne tusken de Kliuw en Reahûs yn oan de Doniadyk.
Friso koe ús ek fertelle dat Freark Smink yn Reahûs ek oan de Doniadyk wenne doe ’t hy yn de jierren 60/70 yn SDS 1 fuotballe.
Dêrneist hat neffens Friso Tsjipke Okkema doe ’t hy op goal stie yn de jierren 80 by SDS 1 in skoftke yn Reahûs wenne.
Dat soe betsjutte dat Wierd de 4e spiler út Reahûs wêze soe.
Of binne der noch mear?
Mail it nei info@vv-sds.nl!

Skorst

Bauke Dijkstra pakte sneon syn 5e giele kaart en is skorst foar de kommende útwedstriid tsjin NOK. It komt Bauke net hiel min út, want hy moast eins kommend wykein ek nei it Keatswykein 😉

Opromje


At it lêste fluitsinjaal klinkt op de Skoalleseize dan komme der gelyk in oantal moannen yn aksje. De terreinmasters pikke kornerflaggen op en strike de flaggen. Foar it kreas optearen fan de flagge sjatterje se it leafst immen mei froulike handichheid. Annie Sjaarda joech Willem Twijnstra dizze kear stipe.

Somtiden sit it mei en somtiden ……..

Harm-Auke begie it wykein min. Freedtejûn in lekke bân mei de elektryske fyts en sneon rekke hy te wetter doe ’t hy in swiere takke by him efter út de feart fiskje soe. Lokkich genôch wûn syn SDS 3 sneon al en……….

It wie net de earste kear dat Harm-Auke te wetter rekke…………

Harm yn in beste stimming


Sneintemiddei siet it dy selde Harm Dijkstra wer mei. Syn klupke PSV waard kampioen en dêrmei in weardige opfolger fan Feyenoord. Ek it feest yn huize Vinke yn Wommels wie yn Easterein te hearen.

Lokwinske!

Habtamu de Hoop is hjoed jierdei! Lokwinske!

Foto; Henk Bootsma

Harsens derby (2012)

Huh!