Sneon 14-4-2018

Hawwe jim wat te melden oer ien fan dizze wedstriden, of hawwe jim in leuke foto of ferslach makke, mail it nei info@vv-sds.nl en sds-nijs@home.nl. En appe kin fansels ek nei 06-55117582.

09:00 ST SDS/Nijland JO15-2 Leovardia JO15-3  5-5
09:00 SDS JO10-1 Stormvogels’64 JO10-1  3-3
09:00 SDS JO10-2 SC Bolsward JO10-4  1-7
09:00 SDS JO8-1 Zeerobben JO8-3
10:05 SDS JO9-1 Workum JO9-1
10:15 SDS JO11-1 SJO DFC JO11-1  1-2
11:00 SDS MO17-1 Blauw Wit ’34 MO17-1  4-8
11:30 ST SDS/Nijland JO15-1 Heerenveense Boys JO15-6  2-5
14:30 SDS 1 Walde De 1  0-0
14:30 SDS 4 Nijland 3  2-0
09:00 AVC JO17-1 SDS JO17-2  4-2
09:00 SWZ Boso Sneek JO9-3 SDS JO9-2  11-10
10:15 Oeverzwaluwen JO13-2 SDS JO13-2
10:15 SJO CVO/Ouwe Syl MO13-1 SDS MO13-1
10:45 FVC JO13-2 SDS JO13-1  2-2
10:45 Oosterlittens JO11-3G SDS JO11-2  2-3
11:00 Harlingen MO15-1 SDS MO15-1  4-1
12:00 ST Minnertsga/St.Jacob JO19-1 SDS JO19-1  0-3
12:15 Sleat 2 SDS 3  2-4
12:30 Emmeloord SC JO17-1 SDS JO17-1  1-4
12:30 SC Bolsward VR2 SDS VR1  0-3
14:15 LSC 1890 JO15-4 ST SDS/Nijland JO15-3  1-2
14:30 Leovardia 2 SDS 2  0-2

SDS 1 – de Wâlde 1

Yn de earste 20 minuten hie SDS de wedstriid beslisse moatten. Mei prima spul waard de Wâlde oerklast. Grutte kânsen en sels in doelpunt fan Lourens dat troch de fierders goed liedende skiedsrjochter net alhiel terjochte ôfkard waard.  In kopbal fan Habtamu en in hurd skot fan dyselde spiler gyngen krekt neist of waarden troch de doelman prima keard.

It spylbyld feroare nei in healoerke doe’t de Wâlde der ek wat mear útkaam. It tige jonge middenfjild fan SDS moast alle silen bijsette om goeie oanfallen op te setten.

Fanatyk oanmoedige troch de “apekopútdieljende” froulike fans fan de Wâlde. Hiele grutte kânsen levere it net op mar it waard foar SDS wat lestiger om sels wat te kreearjen. De rêststân fan 0-0 paste wol yn it byld fan de tredde klasse want it wie op hast alle oare fjilden ek 0-0.

Nei de tee in gelykopgeande striid. Beide ploegen wiene oant de 16 driigjend mar de echt grutte kânsen wiene minder talryk as yn de earste helte.  de Wâlde wie der foaral op út om fia snelle útfallen de trije punten stikem mei te nimmen.

It oantal frije trapen en dêrmei it oantal oertredingen naam ta en de kâns dat er út in standert sitewaasje skoard wurde soe , naam ta.
Spannend oan de lêste sekonde ta en miskien wiene úteinlik beide ploegen wol tefreden mei in punt.

Spilers SDS
Jaap
Bauke, Remco, Marco, Jacob Klaas
Matthijs, Frank, Peter, Habtamu
Jelmer, Lourens
Ynfallers: Erik, Hendrik en Wierd

De pupillen fan de wike woene net mei in foto op ynternet. It begjin fan in nij tiidrek Mark Z.!!

SDS 2 wint belangrijk potje

’t 2e moest vandaag naar Leovardia, èèn plek boven ons en een punt meer. Een balangrijk potje voetbal om van de nacompetitie plekken weg te blijven. Op een zeer klein veld, begonnen we goed, maar al gauw werd het rommelig, van beide kanten. Echt dikke kansen waren er niet, en anders stond de verdediging en Gertjan “te plak”.
De grootste mogelijkheid was er voor ons, maar toch gingen we met 0-0 rusten.
Na rust was de kracht bij Leovardia snel weg en kregen we de overhand. Dat resulteerde in de 59e min tot een corner, door Feite genomen, Anne kopt voorbij de 2e paal beheerst terug en Arjen schiet snoeihard en prachtig de 0-1 binnen. Daarna “giet’t mâl”. Elke snoeiharde overtreding wordt weggewuifd. 2 à 3 x rood voor Leovardia had niet echt overdreven geweest, balachelijk. Vooral Sjoerd en Jurjen waren de klos.
Gelukkig laten we ons niet gek maken en blijven we de bovenliggende partij. In de 80 ste minuut maakt Feite uit een loepzuivere vrije trap de 0-2.
Dat blijft het, drie dik verdiende punten, gelukkig geen blessures opgelopen, had zomaar gekunt met deze scheidsrechter, en de ploegen onder ons verloren bijna allemaal punten.

Kortom, een “goed” weekend voor sds 2.

Boudewijn Kramer

Sleat 2 – SDS 3 2-4

SDS 3 mocht al om 12.15 oere los yn Sleat en dat befoel de mannen mar best. Nei wat lyts opûnthâld fertrokken de mannen net om 10.55 fertrekke mar waard it 11.17 oere. In koarte warming-up op it hobbelige fjild wie foar SDS 3 genôch om út de startblokken te sjitten en nei in heal oere stienen sy al mei 3-0 foar. Gerlof-Jan trape in knappe korner en nei in skamper fan it hier fan Willem knalde in ferdigener fan Sleat de 1-0 knap binnen. In pear minuten letter waard Henk djipstjoerd en sette knap foar op Pieter dy ’t yn in goal wêr as de keeper al fuort wie de bal allinnich noch efkes tsjin de touen oan skoppe moast. Der stie allinnich noch in spiler fan Sleat dy de bal der mei de hannen de bal úthelje koe. Dit slagge de ferdigener en de skied koe neat oars dwaan dan in penalty te jaan. Henk Postma skeat dizze ferfolgens knap binnenkant peal yn. De 3-0 waard ek makke troch Henk. Lykas by de 2-0 waard hy djip stjoerd en doe de keeper útkaam en seach dat hy de bal net hawwe koe en werom draafde, kaam Henk op it knappe idee om de bal dan mar oer de keeper te sjitten; 3-0! Sleat krige ferfolgens wol wat kansen, mar it bleaun ta de rêst 3-0. Om ’t SDS 3 in pear wiken werom in foarsprong fan 2-0 fuortjûn hie by WPB wienen de mannen noch net hielendal gerêst. Doe ’t Henk der yn de 20e minút fan de twadde helte 4-0 fan makke moast it klear wêze. Dat wie it efterôf ek, mar it waard noch al 4-2.
SDS 3 wint hjirmei foar de tredde kear op rige en makket harren op foar de thúswedstriid kommende sneon om 15.00 oere tsjin IJVC.

SDS 4 – Nijland 3      2-0

Fêst in tefreden SDS 4 want sij winne mei 2-0. Fêst ek in tefreden famylje Postma by SDS 4, want de neven Eeltsje en Johan skoarden. En as je sa ’n derby winne dan mei dat fiert wurde fansels!

sc Bolsward VR2 – SDS Vr1        0-3

In reguliere oerwinning fan de nûmer twa tsjin de nûmer lêst.

Harlingen MO15-1 – SDS MO15-1

De nummer 1 (FC Harlingen) tegen de nummer 2 (SDS), dat is op voorhand een spannende wedstrijd. Harlingen heeft nog geen wedstrijd verloren, nog geen goal tegen gehad en 33 goals voor…… Wat kan SDS?
De meiden gingen gespannen, maar zeer gemotiveerd het veld op. Na tien redelijk gelijkwaardige minuten was er een verre uittrap van goalie Emma die op het middenveld opgepikt werd door Larissa. Ze gaf een splijtende pass naar Renske die koelbloedig doorging en de 0-1 maakte. Een prachtige countergoal! Harlingen was even van slag dat ze een goal tegen kregen, dat waren ze niet gewend. Helaas kon SDS de voorsprong in de eerste helft niet vasthouden. Na een half uur scoorde Harlingen uit de rebound en op slag van rust viel er nog een goal.
Met een 2-1 achterstand ging SDS de rust in.
In de tweede helft was Harlingen net even wat sneller en SDS kwam er bijna niet meer uit. SDS had moeite de bal weg te krijgen uit het strafschopgebied en dat resulteerde nog in twee goals voor Harlingen. SDS deed wat ze kon, maar het mocht helaas niet baten. Moegestreden stapte SDS met een 4-1 nederlaag het veld af.
De lichtpuntjes: wij zijn de eerste ploeg die gescoord heeft tegen Harlingen, iedereen heeft zich maximaal ingezet en we houden het tweede plekje op de ranglijst!
Aukje Schellens

Derby SDS JO 10-1 – Stormvogels ’64 JO 10-1  3-3

Vandaag moesten me toppers aantreden tegen Stormvogels ’64 JO 10-1 uit Achlum op papier de topper in de 1e klasse nr 1 – nr 2. Ze hebben gestreden en een terechte gelijk spel eruit gesleept! Na afloop sportief met de tegenstander ff zo gek mogelijk op de foto. Hoe mooi kan voetbal zijn!
Foto fan Dennis Vinke

 SWZ Boso Sneek JO9-3 – SDS JO9-2

Wij kinne gerêst sprekke fan in moaie kuorbalútslach. De wedstriid einige yn 11-10. Opmerklik feit: SDS stie mei 8-1 efter……..