Sneon 13-1-2018

SDS 1 ferliest

In lang net folledich SDS 1 hat freedtejûn mei 2-5 in oefenwedstriid ferlern fan fjirde klasser Heeg.

SDS seal hjoed net suksesfol op OFK

SDS ferlear de earste wedstriid mei 0-2 fan Futsal Hoogeveen. Futsal Hoogeveen makke de 1-0, mar SDS wie seker net kansleas. In ûnterjocht ôfkeurde goal en in giele kaarte foar SDS holpen de Hogeveners noch better yn it sadel en waard it noch 2-0. De twadde wedstriid tsjin Workum gie ek ferlern. SDS en Workum wienen gelykweardich, mar doe ’t binnen in minút sawol Matthijs as Bote blesseard útfoelen wie SDS der efkes ôf en koe Workum út in frije traap skore. SDS krige noch wol kansen, mar sûnder wissel waard it wol hiel dreech en bleaun it 1-0 foar de Warkuners.
SDS makke noch in lytse kans op de folgende ronde, mar dan moast der wûn wurde fan Haadklasser Futsal Frisia. Ynmiddels moast Tsjipke ek nei hûs en kaam Anne nei syn wurk noch efkes ynfallen. Matthijs koe net fierder, mar Bote seach it wol wer sitten. Futsal Frisia kaam op 1-0, mar SDS kaam troch Bote al knap werom oant 1-1. Hjirnei wie de piip allinnich frij gau leech en nei de 2-1 rûn Frisia út nei 5-1.
SDS gie terjochte net troch nei de finales, mar mei in bytsje mear gelok hie it samar oars kinnen…..

Bij de hearen wûn úteinlik Leekster Eagles en bij de froulju Drachtster Boys 2.

Efkes Balje


Der is leau ‘k in programma dat hjit Wie is de mol. Yn dat programma moat je goed op je wurden lette. Mei it Efkes Baljen is dat net oars. It wurdt “mindere” meie je wol tinke mar net lûdop sizze. Ien yndiele bij de ploech mei hesjes sûnder in goed argumint wurdt yn de wyn slein. It wie  freedtejûn dúdlik dat de Efkes Ballers op skerp steane neidat se de yngong fan de arena efter de sporthal fûn hiene.

“Ploech hesjes” hie it fjild analisearre en  sy makken in bysûnder plan om úteinlik in goed resultaat del te setten. Foar de tige oplettende taskôger wie it hast  ek net te sjen mar sij wiene foaral dwaande de mollebulten plat te traapjen sadat se dêr letter op de jûn profyt fan ha koene.  Dus lieten se wolris in mantsje rinne omdat in mollebult in wichtiger opstakel wie op dat momint.

Sa koene ek de “mindere” fuotballer fan de ploech sûnder hes skoare en útblinke, sadat it no hast net mear ferantwurde is om in folgjende kear dat wurd “mindere”wer te brûken foar in spiler.

Hawar it waard 10-3 foar ploech sûnder hesjes en de winners woene oare ploechjes meitsje, mei oare wurden sij fielden harren ûnoerwinlik.  De ferliezers woene dat net. Dy woene fan helt wikselje omdat harren taktyk dêrop ôfstimd wie.

It waard in triller dy twadde partij, mei taktysk heechsteand spul op in fjild ûnderwilens sa flak as in keunstgersfjild. Partij mei hes wûn úteinlik mei 4-3 neidat in skitterjend doelpunt fan de spiler mei de meast Olympyske gedachte.

Om de tradysje  der wat yn te hâlden waard noch wol in twapunter dien, neidat it Harry foar de 81 ste kear útlein wie dat it gewoan om twa doelpunten gong. De mollebultenplattrapers, dy mei hes dus, ferlearen  wer mar dat die net mear sear.   Om kertier foar njoggenen koene de ljochten út en waard in prima te bespyljen  fjild efterrlitten troch 10 winners allegear hartstikkene goed.
Hesjes: Wouter, Klaas, Menno, Wybren en Aant
Sûnder hesjes: Pieter, Ferrie, Harry, Theo en Frank

Aant

SDS JO15-1 en SDS JO 15-2 oefenje


Om 10.00 oere stie dizze oefenwedstriid op it programma.  It wie in aardich spannend potsje. Rêststân wie 0-1, it waard dêrnei 0-2 mar SDS JO15-1 kaam werom yn de wedstriid troch ek te skoaren. Dêrnei hearsten de beide doelmannen want grutte kânsen waarden troch harren keard.  Einstân wie 1-2.

Jeugd yn de seal


Twa útslaggen fan wedstriden yn de seal hjoed