SDS VR1 ferlieze topper

Heerenveense Boys VR 2 – SDS VR 1

Sneon moesten wij wer nei Heerenveen om dit keer te voetballen tsjin us grutste concurent yn de kompetysje: Heerenveense Boys Vr2. Fanof it begin fan it seizoen stean we al gedeeld eerste, en wun we beide mei grutte utslagen. Dus dit wie wol de wedstriid om sjen te litten wie it eerste plakje echt fertsjinnet.
Hast iederien wie senuwachtich mar wol geconcentreerd, want wij wolle natuurlik allejer dat it eerste plak fan us is. We hien die wike goed traind en foar de wedstriid goed warmdraaft. Yn it begin fan de wedstriid wien beide ploegen even sterk.

Wij kwamen bij hun goal yn de buurt en sy bij die fan us. Hester makke in lytse overtreding wertroch se in vrije trap krekt foar de 16 kriegen. Heerenveense Boys soe de bal mooi yn de krusing sjitte mar Tarina hald it tsjin, se falt troch dizze redding op har knibbel wat net goed fjilde. Even letter komme de dames fan Heerenveense boys wer bij us goal en skoarden se, 1-0.

Op dat moment werd Heerenveense boys better, se komme nog in pear keer op us goal ôf mar krije de bal der net yn. Krekt foar rust skopt der ien tsjin Tarina har knibbel oan wertroch se eigenlik net fjirder kin. Mei pine spielet se de eerste helt wol ut.
Tarina hie in soad lest dus die koe helaas net meer troch mei keepen. We hien mei it team besluten dat Lysanne op goal moest. It begin fan de twade helt wie Heerenveense Boys nog steeds sterker, mar se skoarden net. Jammer genoch krieg Sanne Rixt in gele kaart, dermei moest se der 10 minuten ut. It wie toen 11 tsjin 10 en us spits Tjitske is yn de verdediging gong. Heerenveense boys krieg der troch ek nog in vrije trap en sjitte precies oer us muorke hinne yn it goal, 2-0. 5 Minuten letter kwam Heerenveense Boys wer nei it goal ta en werd der fan 3 meter ôf sjitten, Lysanne krieg de bal op har fuot wertroch die werom kaatste bij hun en it 3-0 werd. Dernei werd al snel de 4-0 makke.

Der wien 10 minuten om en Sanne Rixt mocht der wer yn. Mei 11 man probeerden we wer bij hun goal te kommen. Dit lukte, Agnes joech in mooie assist op Kirsten wertroch se skoarde! 4-1. Yn it letst fan de twade helt werd SDS wer wat sterker. We makken nog in pear oanfallen mar helaas kwamen der gjin goals. Der werd ôffluiten en hjirmei werd de eindstand 4-1.
Us eerste verlies fan dit seizoen.

It is jammer dat we net mei it hele team dizze wedstriid koen voetballen, 3 blesseerden, in gele kaart en net iederien op har eigen positie. Dan krije we ek nog yn de 10 minuten dat we mei 10 man voetballen 3 tsjingoals.
Miskien hie de utslach mei 11 tsjin 11 oars west, mar alsnog wien de dames fan Heerenveense Boys dizze sneon erg goed.
We stean no 2e, mar sille nog steeds foar it eerste plakje strijden. Volgende wike meie wij wer thus tsjin Aengwirden-Akkrum en gean we der wer foar!