Clarence-sluier-trofee

At in ploech fan SDS in strafskop krijt dan sil der ek immen wêze moatte dy’t him nimt. Der binne altiten wol  frijwilligers, want in doelpunt is in doelpunt. Wy fine dat je in strafskop nea misse meie.  Dus wa’t in strafskop  mist wurdt dêr op ôfrekkene. Mooglik mei hy letter gjin strafskop mear nimme, yn alle gefallen komt hy sûnt 2003 by ús yn it Clarence Sluier-klassemint.

Sûnt it EK fan 2016 witte wy yn elts gefal dat je sa gjin penaltys nimme moatte:

Clarence-sluier klassemint 2015-2016
Op it EK fan 2016 misten sawol Dútslân as Italië 3 penaltys. Dy hienen dit beide blykber ôfsjoen by SDS 2 dy ’t yn de neikompetysje tsjin De Wâlde yn de penaltyserie ek mar leafst 3 misten……..

Lourens van der Pol, Mark Postma en Wytze Fopma gienen troch it stof……….
(21-5-2016)

Clarence-sluier klassemint 2014-2015

Jaap stie no ris oan de oare kant fan de penaltystip……… en miste…..
(Beker: SDS 1 – De Wâlde 1 op 18 oktober 2014)


Gert Jan hat syn jas fan 2004 noch oan
(kompetysje: SDS 4 – Zeerobben 4 op 4-10-2014)


Feite de Haan wennet yn Frjentsjer………..
(kompetysje SDS 2 – sc Franeker 1  op 25-1-2014)


Gert Jan Hiemstra (ja deselde)
(kompetysje Leovardia 4 – SDS 4 op 1-11-2014)

Clarence-sluier klassemint 2011-2012

De bal wêrmei Eeltsje syn strafskop miste sykje sy noch altiten yn Delfstrahúzen.
(Delfstrahuizen 4 – SDS 4 12-11-2012)


5-11-2011 Minnertsgea 2 – SDS 2

Clarence-sluier klassemint 2010-2011

Tsjipke Klaas Okkema miste in strafskop yn Kollum. Hij skammet him in bierfiltsje yn de rûnte. (16-4-2011)


Tjeerd Dijkstra (SDS 5) yn de wedstriid tsjin HJSC. (16-4-2011)

hspace=0
Feite de Haan (SDS 1)  mist yn de wedstriid tsjin Oostergo 1. (5-2-2011)


Jelmer Posthumus miste yn de wedstriid tsjin Broekster Boys 1 in strafskop. (29-1-2011)



Harm Auke Dijkstra yn de wedstriid fan SDS 5 tsjin CVVO 6 (4-9-2010)


Sawol ien fan de webmasters as Robert Sybesma misten fan 11-meter op Skylge (28-8-2010)

Clarence-sluier klassemint 2009-2010

Yn de wedstriid fan Da2 tsjin de heiten krigen de da2 ien kâns. In libbensgrutte kâns. In strafskop. Tarina Veenje miste. (25-5-2010)

18-5-2010
Yn de neikompetysje moast SDS 2 it opnimme tsjin Meppel. Beide wedstriden einigen yn 3-1. Strafskoppen.!
Se wiene net bestege oan

Willem Wijnia

Robert Sijbesma

6-2-2010
Wij wachtsje noch op in sluierfoto fan ús Afganistan strider Jelmer Posthumus. Hij mist in strafskop tsjin Delfstrahuzen.


Robert Sijbesma mei bij SDS 2 yn de wedstryd tsjin Leeuwarder Zwaluwen oanlizze foar in strafskop. Net it net trillet mar it reklameboerd. (7-11-2009)


Johan Dotinga (Seal 2)miste in strafskop yn Boalsert foar SDS 2. Wij tinke dat syn foto der letter sa útsjocht (16-9-2009).


Op 15 -8-2009 miste Harm Stremler in strafskop útnamme fan SDS 1 yn de bekerwedstryd tsjin CSL 1 (15-8-2009)

hspace=0
Jappie Wijnia mocht 29 augustus op Skylge tidens it feteranentoernooi tsjin Baflo in strafskop nimme. Hij miste (29-8-2009)

hspace=0
Feite de Haan spile yn SDS 2 tsjin Flevo Boys 3. Hij skeat tsjin de peal (5-9-2009)

Clarence-Sluierklassemint 2008-2009

Jan Stenekes koest wol opfaaie nei syn miste penaltys yn de bekerwedstryd fan SDS 3 tsjin QVC 2. Sa krekt nei Lowlands koe hy net mear produsere as in lullich skotsje. Hy is dêrmei de earste dit seizoen dy ’t yn it Clarence-Sluiertrofee-klassemint opnommen wurde kin. (19-8-2008)


Hiel SDS gunde him syn doelpunt. Nei in mindere perioade op Skylge, wie it goed om him it fertrouen te jaan. De doelman fan Berltsum kearde de slop ynsketten bal. Ype strafte himsels troch de tredde helte oan him foarbij gean te litten. Sadwaande moasten wij it mei in foto fan 26 augustus 2006 dwaan. (20-9-2008)

Hjir dan dochs ek eindelijk in frou yn it klassemint. Sieta Tessemaker miste in penalty by SDS Daj. Spitich dat dit no krekt tsjin de froulju fan Tzum Da.1 wie (18-4-2009)

Clarence-Sluierklassemint 2007-2008

Stefan van Krimpen mist yn de neikompetysjewedstryd fan SDS 2 – Hurdegaryp 3 (17-5-2008)

Redmer Strikwerda mist ek yn de neikompetysjewedstryd fan SDS 2 tsjin Hurdegaryp 3.(17-5-2008)


Sytze Kooistra miste  yn de wedstriid foar SDS A1 tsjin ONS A2 in strafskop (29-3-2008)


Stefan van Krimpen skeat yn de wedstryd SDS 2 – Knickerbockers 3 in strafskop neist (8-9-2007)


Hjir hie in sluier foto fan Harm Stremler stean moatten, omdat hij yn de wedstryd SDS 1 – Zeerobben tsjin de doelman op skeat. De skeids liet de strafskop oernimme en dat fynt Harm in reden om net opnommen te wurden yn it klassemint. Fansels wiene wij it dêr net mei iens (1-9-2007).


Wij hiene Anne al earder yn dit klassemint opnommen. Hij skeat yn de wedstryd Easterein-Wommels tsjin de latte. Mei oare wurden hij komt hieltyd ticht bij (24-8-2007).


Dirk Yde Sjaarda mist as ienige in strafskop foar Easterein yn de wedstryd tsjin Wommels (24-8-2007)


Erik Haitsma skeat foar Wommels wol hiel heech oer yn de wedstryd Easterein-Wommels (24-8-2007)


Tjalling skammet him djip neidat hij tsjin Minnertsgea de strafskop mist (10-8-2007)


Mei SDS 3 miste Ruurd in strafskop yn de wedstryd tsjin Makkum 2.  Yn dyselde wedstryd hie hij al in strafskop benut 24-2-2007).


Bij in efterstân fan 2-0 krige SDS 5 in strafskop yn de wedstryd tsjin Ljouwerter Sweltsjes 11. De bal gie neist (9-12-2006).


Bij in 1-1 stân yn de bekerwedstryd tsjin Franeker A1 skeat Feiko Broersma tsjin de doelman op (5-9-2006).


Tidens it feteranen toernooi skeat Ype Tiemersma yn de wedstryd tsjin Minnertsgea bij in 0-1 efterstân op de latte (26-8-2006)

Clarence-Sluierklassemint 2005-2006

Sa’n minne strafskop hiene se bij SDS 3 noch nea sjoen. Yn de wedstryd tsjin Joure faalde Harm-Auke Dijkstra hopeloas (13-5-2006).


Jan hie ien bal, seach trije doelen stean, mar miste dochs noch (6-5-2006)


Mei A2 miste Eeltje in strafskop yn de wedstryd tsjin BergumBCV (8-4-2006).

Mark Postma (23-3-2006)
Gean je hielendal nei Winschoten ta te fuotbaljen en dan mis je in strafskop!

Pieter Kamstra (23-3-2006)
Gean je hielendal nei Winschoten ta te fuotbaljen en dan mis je in strafskop!

Tsjeard Halbersma (23-3-2006)
Gean je hielendal nei Winschoten ta te fuotbaljen en dan mis je in strafskop!


Yn de wedstryd SDS 3 tsjin Joure 3 mist Gearard Posthumus in strafskop (19-11-2005).


Yn de wedstryd fan SDS A2 tsjin LSC A2 mocht Pytrik Hiemstra de strafskop nimme bij in stân fan 1-0. De bal fleach fier oer it doel hinne en waard noch krekt troch de ballekearder tsjinholden (8-10-2005)


Yn de wedstryd fan A2 tsjin CSL A2 misteNico Hettinga út Mantgum in strafskop (1-10-2005).

Clarence-Sluierklassemint 2004-2005

Klaas Molenmaker mocht dan eindelik in strafskop nimme yn de wedstryd fan SDS 4 tsjin Wikels Hallum. Helaas gie de bal tenminste twa meter neist (10-5-2005).

Henk Postma  en Sjoerd Rispens (26-3-2005)
Henk Postma mocht yn de wedstryd tsjin Drachtster Boys in strafskop nimme. De stân wie op dat stuit 0-0. Henk skeat de bal neist. En net sa ’n bytsje ek. Neffens in tsjûge dy’t wolris wat oerdriuwt, mocht de tsjinstanner yngoaie!!
Sjoerd Rispens miste in penalty tsjin RES.


Andries mocht yn de wedstriid fan syn B2 tsjin C1 in strafskop nimme. “Ik woe him op de latte skoppe”, sei hy nei ôfrin. Hy skeat minstens in meter oer (5-2-2005).


Gert Jan Hiemstra miste yn blessuretiid in strafskop yn de wedstriid SDS1-WPB1. De bal wie krekt neist. It bleau dêrtroch 1-1. Sûnder probleem wie hy nei ôfrin ree om efkes foar ús te posearen (23-10-2004).


Jacob Oostra spilet in Futsal 3. Miste in strafskop yn Sint Nyk tsjin Renado. SDS wûn wol mei 2-5. (20-10-2004)


Anne Stenekes miste  yn de bekerwedstriid Futsal tsjin Elim in strafskop. Hy rekke de peal. SDS gie wol troch.

Jacob Clarence Plantinga: miste yn de bekerwedstryd Heeg V – SDS V in strafskop: skeat hurd en heech oer.

Jappie Wijnia: miste yn de bekerwedstryd Heeg V – SDS V in strafskop: in rollerke dy’t de keeper kearde

Roel Sybesma miste yn de bekerwedstryd Heeg V – SDS V in strafskop: keeper kearde de min ynsketten bal

Stân fan saken 2003/2004

Harm Stremler I 21-2-2004 27-3-2004
Jan Keuning IV 20-3-2004 27-3-2004
Harm Auke Dijkstra III 27-3-2004 3-4-2004
Jelle de Boer V 3-4-2004 10-4-2004
Bas de Haan IV 10-4-2004 17-4-2004
Feiko Broersma A 17-4-2004   ein seizoen

 Feiko Broersma

 Bas Clarence de Haan