Weppers tiisdei 28-6

Weppers snein 26-6
25 juni 2011
Ynformaasje MFT
28 juni 2011

WK

Om it yn goed Frysk te sizzen: it iene gerucht jage it oare. Wêrom lieten de Wk fuotballers it rom opkommen publyk yn de steek? Werom wiene der mar 5 dy’t efkes balje woene.
De njoggen geruchten:
1. De statutair direkteur generaal blykt net oer de juste papieren te besitten en is ûnderdûkt.
2. De man fan de tûnbeantsjes sit leaver efter it potglês.
3. De trije fan Appie hâlde fan kreun en steun gelûden en sjogge dus leaver nei frouentennis
4. Dy fan Wijnia drinkt it lêste Belgysk bier út syn kistjes wei
5. De Haitsma’s hiene nei in “priisleas wykein” in straftraining baltsjeferdriuwe.
6. Dy Bram fan fan Beem koe syn bril net fine sûnder lenzen
7. Dy Bram fan Strubbe fiert syn jierdei in wike lang en is noch mar op dei trije
8. It wie te waarm foar it publyk
9. Se hawwe skijt oan it publyk

Wat it ek wie, it gie net troch. 5 man wie te min om der wer sa spetterjende sjo fan te meitsjen.

Dat is gjin feest
De Ljouwerter Krante hie it earst oer in fuotbalploech út de Súdwesthoeke en doe oer in klup út de eardere gemeente Wymbritseradiel. Mar Dirk Yde wit hoe’t
it krekt sit.

Tool
Takemjier komt de KNVB mei in programmaatsje wêrbij de útslaggen fan de lêste 7 dagen maklik op de wedside set wurde kin. Wij binne tige benijd.

Harsens derby (504)
Dit kin elke man fansels ek sa oerkomme: