Weppers woansdei 15-2

Foarjierskompetysje
14 februari 2017
Yn aksje foar de munten
15 februari 2017

Sytse Haima op sneon 11 maart yn de kantine

Op sneon 11 maart nei de wedstryd tusken SDS 1 en Waterpoort Boys 1 sil Sytse Haima spylje yn de kantine. Rekkenje der mar op dat Sytse der in grut feest fan makket.

Nei Eastenryk!

Hendrik de Jong soe 2 wiken werom hast nei Amsterdam. As hy 3 kear skoorde tsjin Oudehaske hie trainer Marco Hoekstra him beloofd dat hy mei de limousine nei Amsterdam brocht wurde soe. It bleaun by 2 goals en Hendrik bleaun thús.
Ôfrûne sneon skoorde Hendrik 5 kear tsjin Willemsoord en de folgende deis krigen wy dizze foto út Eastenryk.

 Wêr sil Hendrik hinne as hy 7 kear skoard?

Parse

It Frysk Deiblêd wit al eksakt hoe ’t it sit by SDS. 😉

Oerskriuwe?

Sawol Anne Stenekes as Arjen Los binne foar 15 juny stoppe by harren foarige klups vv Scharnegoutum en Knickerbockers. Sy hienen efkes gjin tiid foar it fuotbaljen en soenen letter wol sjen wannear ’t sy de fuotbalskuon wer oppakten. Yn jannewaris hawwe sy besletten om harren fuotbalkariërre in ferfolch te jaan by SDS. De KNVB is it hjir net hielendal mei iens. Sy meie wol by SDS komme, mar meie dan allinnich yn de B-kategory útkomme. SDS is drok dwaande om dit oars te krijen, mar hat te meitsjen mei dizze rigels.

Betterskip!

Juster hat de flagger fan SDS Vr.1, Bertus Bootsma, in nier krigen fan Evert Tanja. Wy winskje harren in hiel soad betterskip ta en hoopje harren gau wer yn goeie sûnens by it fuotbalfjild te sjen.

Ynhelje

SDS 2 mei de ôflaste wedstryd fan ôfrûne sneon út by De Wâlde 2 ynhelje op sneon 4 maart. It is noch net wis wannear ’t SDS 3 ynhelje mei tsjin Makkum. Makkum moat namelijk 4 maart al ynhelje tsjin AVC.

Net ynhelje

SDS 1 hoecht 4 maart yn elts gefal net yn te heljen. It programma fan 2 wiken werom doe ’t SDS as ienige fuotballe yn de 3e-Klasse A is fêststeld op sneon 4 maart. It ôflast programma fan ôfrûne sneon is noch net fêststeld.

Nei Skylge

SDS 2 is sneon oer in wike frij fan de kompetysje en sil op Skylge oefenje. Sy komme de sneins werom. Ris sjen wa ’t it earst thús is…..

Nei Skylge (2)

De nije kompetysje-yndielingen by de jeugd kinne jim hjir op de webside besjen. Fansels sjogge je as earste as je yn de maaitiid ek nei Skylge meie. De mannen fan JO13-1, JO13-2 en JO11-1 sprongen in gat yn de loft. Sy sitte allegear by in klup op Skylge.

Harsens derby (1837)

Mar moai dat der ek goeie keepers op de tribune stean.