SDS 1 wint earste oefenwedstriid

Waarm waar Wepperkes
7 augustus 2004
WykeinWepperkes
8 augustus 2004

SDS1 hat sneontejûn de earste oefenwedstriid spile. Blauw Wit (yn read wite sjurtsjes) út Ljouwert wie de tsjinstanner. Frijwol de komplete A-seleksje wie oanwêzich; allinne de bruorren de Jong sieten blesseard oan de kant.

SDS wûn de wedstriid mei 1-0 troch in doelpunt fan Skelte Anema. It doelpunt foel yn de twadde helte. Sjoen nei de hiele wedstriid wie Blauw Wit wol wat mear yn balbesit mar de bettere kansen wiene foar SDS.

Foar SDS keepte de 1e helte Remco Brouwer. De 2e helte stie Marten Faber op ‘e goal.

Der wiene in protte taskôgers wêrûnder twa âld trainers fan SDS.

Supporters, se wiene der allegear wer!

Lykle Bleekveld seach syn ploech winnen nei in drege trainingsmiddei.

Eardere trainer Henk Buning, no aktyf by Blauw Wit wie ek oanwêzich. Syn 2 soanen fuotbalje beide yn Blauw Wit 1.

Ek Kees Jansen wie SDS noch net fergetten.

En fansels Sicco wie der ek.