Weppers moandei 3-8
2 augustus 2009Freule-weppers
4 augustus 2009WK
Moandeitejûn is op de Terp fan Wommels de finale fan it WK spile. ûnder ideale omstannichheden (in rûne bal, it gers net te koart, in kermiskarre tsjin it iene doel oan en riidplaten fuort efter de oare, it publyk op de banken) mochten earst 18, letter 19 man de striid oangean.
Fjild
It like wol in boykot aksje doe’t in oere foar it WK der samar in kermiswein op de Terp stie. It fjild moast oanpast wurde en oer de dieders wurdt spekuleard.
Der wiene stevige feilichheidmaatregelen nommen. Troch it meidwaan fan twa folwoeksenen (Remco en Aant) waard der gelokkich mear op it gers as op de dyk balle.
Laitsjende finalisten
It skynt in trent te wurden, ferliezers dy’t hast like bliid binne as de winners. De Olympyskje gedachte?
Strakke gezichten.
WK-firus
Nei de Meksikaanse gryp bliket der yn Wommels in nij firus rûn te waren. It giet om it WK-firus. Sytze Hibma wie juster it earste slachtoffer. It út zich troch enorme pine yn de kûten en hast net mear rinne kinne. Oftewol in dúdlik gefal fan: “Wommelser Kramp”. It blike tige besmettelijk te wêzen, want Hendrik Engbrenghof krige nei in oere yn de tredde helte deselde ferskinselen. Fierders binne der noch gjin gefallen bekend.
Wommels.nl
De parse fan Wommels e.o. wie fansels ek allegear oanwêzich op de Terp justerjûn. Sjoch hjir foar it ferslach op Wommels.nl.
De Grandè Finale WK 3 augustus 2009
Met knikkende knieën, sa as se dat sa moai sizze yn Hollansk, gie ik juster nei it fjild. Ik hie in protte partijen dit jier wûn mar ûteindelijk giet it mar om ien ding; de finale. De opkomst siet ik net oer yn, der wiene oare fragen die troch myn hôle spielden. Sokke fragen as wol it foutbal hjoed swinge? Hâlde we de doar op slot? Soene we skerp kounterje kinne en soe de spaghetti ek omheech komme? Allehjer fragen wermei ik mei besich hâlde fan it stikje fytsen fan it Bosk nei de Terp ta. Ienmal op de Terp koe ik concludere dat der in protte minsken wiene, foutballers mar ek seker in protte publyk. De entourage wie einliks sa oerweldichend dat ik effkes tocht dat ik soe flauwfalle. Nei in slach yn de side en in “Hey Spenky” kaam ik wer tot myn positiefen. De knop gie om, der mut jûn hjir op de terp wat gebeure. Hoe it ek sil rinne, oan it ein fan de rit sil ik net as ferlieser fan dizze Terp ôfstappe…
Wat foel der dizze Grandè Finale op?
De Terp har capaciteit waar prima benut
Sytse H. sa skerp dat der syn eigen foutten iepen helle.
Eeltje P.; nog nea sa solide foutbalt
“Doei Ate”
“We gean toch net it skip yn tsjin dat steltsje kakkerlakken”
Jelmer neutraliseert
Remco B. fielt syn ynfloed op de jeugd fourt ebben
Mar natuurlijk hat Aant H. altyd syn foutbalskounnen mei yn de fytstas.
Appie P. trots dat der 2 fan syn soannen yn de finale stean
Andrew F. op de WK finale fanwege it ôflassen fan it PK(PôleKampioenskap)
Sytse K. fertsjinwurriche Easterein… en hij hat net wûn
“Kramp!”
Ralph W. foutbalt better as de frou sjocht
Henk P. troffen troch in swipe op de ankels
Mark P. giet mei himsels in conclaaf at der echt net te fysyk is
“Die bal is achter!” “Dat is mar krekt hoe ast it sjochst”
Wie dit dan miskien Willem W. syn hichtepunt?
“Arjan P. snapt it gewoan net” aldus familieleden
Gerlof Jan H. te wurrich om ien op de foutten te stean.
Hendrik E. as in rots yn de branding, jammer dat der die rots wol hiel letterlijk nimt.
Hjalmar R.; ik mocht fan de baas earder fourt foar it WK
Team Swart achtig
Willem W.
Hendrik E.
Eeltje P.
Ate Feike de B.
Ralp W.
Sytse H.
Sybren W.
Hjalmar R.
Henk P.
Team Gekleurd
Mark P.
Remco B.
Aant H.
Jelmer P.
Sytse K.
Andrew F.
Gerlof Jan H.
Arjan P.
De wedstriid begon wat senuwachtig, minsken hiene dûdlyk de spanning in de foutten sitten. Nei in lyts kwartier bruts de wedstriid eindelijk los mei in iepeningstreffer fan Team Gekleurd. Nei wat hurde wurden yn de definsje fan Team Swart waar it team op de rails set, wat ferfolgens as resultaat hie dat de 1-1 al snel op it scoareboerd kaam. Troch in snelle ûtbraak waar binnen in minuut de 1-2 forceert yn it foardiel fan Team Swart.. Bij team gekleurd kaam dit oan as in mokerslach en sels mei al harren senioriteit yn it team kamen sei dizze klap net te boppe. De foarsprong waar al snel ûtbouwt troch team swart. Mei in stân fan 2-6 kaam it belangrijkste momint fan it hiele seisoen oan bod, de winnende goal yn de WK finale.
Gesichten fan de spilers lutsen strak en hja krigen it gefoel dat it yniens wer in compleet oare wedstriid wie. Mei kânsen oer en wer waar it publyk prima fermakke. Team gekleurd wie der in oantal ticht bij mei underoaren kânsen foar Mark P. en Remco B.. De grutste kâns wie echter foar de supersenior Aant H. welke krekt troch undergetekende foar de goal wei koe pikt wurre. As je de goal dan net meitsje, dan falt der oan de oare kant. Troch in skirmish foar it goal fan team gekleurd kaam dochs in biitsje in anti climax fan in WK finale. Arjan P. joech it lêste tikje oan de bal wertroch hij yn it eigen goal rolle. De untlading wie grut bij team Swart en it waar dan ek gruts fiert mei in pear lekker kâlde bierkes.
It WK sit der foar dit jier wer op. Nei in pear bierkes waar it bij de spilers ek snel dudlyk dat wij no dochs mei in bepaalde leegte te meitsjen krije. Want wer kinne hja sa amicaal, en dochs op it skerpst fan de snede foutbalje? Ien ding is seker, in alle sûns en wolwêsen sil der takommende jier wer in WK plakfine!
Namens it WK Bestjoer,
Alg. Stat. Dir. Hendrik Engbrenghof