Freule-weppers

WK wer tige slagge!
4 augustus 2009
Bekom weppers
6 augustus 2009

SDS 2
SDS 2 sil moarntejûn foar it earst traine. Sy traine om 19.30 yn Easterein. Hjirnei sil yn de kantine it ien en oar besprutsen wurde.

Jeugd
Fan Ab hawwe wy trochkrigen dat de standaard jeugdteams (A1, B1, C1 ensfh.) fanôf kommende moandei wer los gean. Sy traine “gewoan” yn Easterein foar de boksen en de jongste jeugdteams op it haadfjild. Dizze standaardtyeams moatte foar it earst bekerje op sneon 15 augustus. Moarn kinne jim der hjir mear oer lêze.

Oare jeugd
Foar de oare jeugd sille de trainingen begjinne fanôf moandei 31 augustus. Sy hoefe net te bekerjen. De earste kompetysjewedstriden binne op sneon 5 septimber.

Bewarnûmer KNVB
De KNVB slagget der elts jier wer yn om alle ynformaasje yn ien bewarnûmer te stopjen. Hjir kinne jim it besjen.

Bewarnûmer Treffer
De hiele simmer binne wy al dwaande om it bewarnûmer fan de Treffer yn oarder te krijen. Spitich genôch hawwe wy noch net alle ynformaasje binnen. Wannear ’t dit hielendal safier is dan komt dizze Treffer út. Wy hoopje dat dit binnen twa wiken klear is.

Talint
Sels Excelsior hellet tsjintwurdich syn jonge talinten al fan fier(klik hjir). Dit hat fêst in bult âld-papier koste…..

“Ham and Eggs”
Jelmer Posthumus sil fannacht om 3.00 mei it fleantúch nei Afghanistan om foar definsje te wurkjen. Hy sil dêr foar in healjier hinne. Wy herrinerje Jelmer der noch mar efkes oan dat it iten ek dêr net alles is: