Evenementen in november 2022

Weppers snein 2-8
2 augustus 2009
WK wer tige slagge!
4 augustus 2009

Jûn WK-finale
align=baseline
Jûn sil om 19.30 op de Terp yn Wommels de WK-finale plakfine. Ate hat de Terp fannemoarn efkes meand, Brouwer is dwaande mei de tribunes en it sanitair, de goaltsjes binne fan it fuotbalfjild nei de Terp brocht en de Jumbo bliuwt jûn langer iepen. Neat stiet dus in knappe WK-finale yn ’t paad.
De teloarstelling by de Haitsma’s, Hendrik de Jong, Jelmer en Jaap is begryplik tige grut dat sy jûn net meidwaan kinne om ’t sy traine moatte mei de A-seleksje.
De Postma’s, Hendrik Engbrenghof, Gerlof-Jan (Servet), Arjen Posthumus, Eeltsje, Ate-Feike en Willem binne jûn seker fan de partij op de Terp. De rest fan de seleksjes is noch net bekend.
It siet der fansels dik yn, mar it WK giet jûn foar it earst ek kommersjeel. Dielnimmers moatte elts dan ek efkes €2,- meinimme (en efentueel wat apenúten).
De parse sil jûn ek rom oanwêzich wêze. Fansels fan de Treffer, it Diggelfjoer en Op ‘e Skille, mar ek sil der ien mei in filmkamera wêze.

SDS 2 hast los
Klaas Okkema lit ús witte dat SDS 2 kommende tongersdei(nei de Freule!) foar it earst wer traine sil. Wierskynlik sil dit om 20.00 wêze. It is noch net wis of dit yn Wommels of Easterein plakfine sil. De earste “oefen”wedstryd sil de earste bekerwedstryd op 15 augustus tsjin Hardegaryp 3 wêze.

JC-gearkomst
Jûn sil de jeugdkommisje gear komme. Sy sille it hawwe oer û.o. de trainers en leiders foar kommend seizoen by de jeugd en b.f. ek de trainingstiden. Wy hoopje yn koarten hjir op de webside der iets oer melde te kinnen.

Programma
Op 15 -8 begjinne de bekerwedstriden. 9 teams dogge mei. Sjoch it programma hjir ûnder.

Datum Tijd THUIS-Wedstrijden
15-8-2009 14:30 SDS A1 – Leeuwarden A1
15-8-2009 10:15 SDS C1 – Oeverzwaluwen C1
15-8-2009 9:00 SDS E1 – QVC E1
15-8-2009 10:00 SDS F1 – Oeverzwaluwen F1
15-8-2009 14:30 CSL 1 – SDS 1
15-8-2009 14:30 Hardegarijp 3 – SDS 2
15-8-2009 14:30 Zeerobben 5  – SDS 5
15-8-2009 10:30 Oeverzwaluwen B1 – SDS B1
15-8-2009 9:00 Zeerobben D2 – SDS D1

Nije doelen

Sûnt koart steane der krease nije doelen, mei nije netten op it A-fjild fan SDS. Feite en Jaap lykje beide graach de bal út it nije doel te helje te wollen neidat Spirit 30 0-2 makke hat, want mei grutte stappen trêdsje se der hinne.

Definsje

De seleksje dan SDS 1 is noch net hielendal kompleet troch fakansje. De rjochtsbek posysje wie lestich yn te fullen sneon. Mar úteinlik wie it maklik. Je kinne yn sa’n gefal mar ien man yn de definsje sette: Jelmer, de man yn tsjinst bij definsje, ynkoarten op wei nei Afganistan wêr’t oanfallen ferbean is.

In Japiootje!
Eltsenien wit wat in “Grandelletje” is. Sûnt ôfrûne sneon is der ek in “Japiootje”. De keeper fan SDS 1, Jaap Toering, krige ôfrûne sneon namelijk in weromspylbal te ferwurkjen en dat gie net hielendal sa ’t it moast. It wie noch net sa slim as yn ûndersteand filmke. Jaap rekke de bal noch krekt, al foel dy bal dêrnei wol krekt foar de fuotten fan de spits fan Spirit ’30 dy´t dernei net misse koe: