WK weppers 15-7-2026
15 juli 2026Top 8 heale finales
Twa heale finales dy’t hiel wat punten opleverje kinne.
Wa hellet dizze twa de measte punten?
It mei dúdlik wêze dan Bas van der Weij it bêste foar it lêst bewarre hat.
Opfallend is dat al dizze goeie heale finale skoarders net yn de Topklasse sieten.
At sels de Poedelpriispakker hjir bij stiet, dan duorret it toernoai foar Rinse Joustra krekt wat te lang
Kale Batsaap
Wy krije it idee dat kale Batsaap Lourens van der Pol al syn jild op Spanje setten hat. Hy hat sels de help fan Spanjoalen en Pieter Sijtsma ynroppen om him oan de top fan de SDS WK-League te helpen.

Topklasse
Yn de topklasse tinke se allegear wat gelyk oer de útslaggen.
Mei allegear nullen foar de twa wedstriden yn de heale finale. Binne dit ús toppers?
De Kale batser springt der mei 150 punten út en hij stiet no ek op it firtuele poadium
Mar wa komt dêr mei grutte sprongen de Topklasse binnen rauzen? Jelmer Hanenburg!
KKN (Klasse krekt net)
Yn de KKN is flink beweging: Wiebe Heeres makket wer in moaie sprong, mar de nûmer 17 oant 20 binne de goudhoannen
KOIF (Klasse op it finketou)
Wêr’t yn de KKN flinke stigers kommen binne, is it logysk dat yn de KOIF wol wat neisoarch nedich is.
Wij telle der 5 dy’t út in hegere klasse komme
KGM (Klasse Grize Middenmoat)
Wietse van der Wal makket him klear foar noch in stap omheech, want hij hat de gong te pakken. Teade de Boer nimt no echt ôfstân fan syn famylje
KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)
It Hiemteam (se stean boppe de Sikmaboys en dat is yn feite harren haadpriis) , Pieter Bouma en Yvonne van Beem binne op wei nei in fêst plakje yn dizze klasse
KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)
De ûnderste 4 yn dizze klasse hawwe goeie saken dien en foaral foar Steven fielt dit as in oerwinning,
Hij hat de Klasse Greideklanken foargoed ferlitten
KG (Klasse Greideklanken)
Tim hat dizze heale finales wol 80 punten skoard, mar it helpt him noch net echt.
Hakbile
Der binne noch twa wedstriden om te foarspellen.
Sneon de treastfinale en snein de echte finale
De hakbile om it yn te fullen leit op sneontejûn 23.00 oere.
Der is noch wol wat te fertsjinjen oan punten.











