WK weppers 15-7-2026

WK Weppers 13-7-2026
14 juli 2026
WK Weppers 13-7-2026
14 juli 2026

Ien wedstriid, mar wol ien dyý in soad punten oplevert at je de útslach of toto goed ha.

Top 9 dizze heale finale

It is oan dizze list te sjen, wa’t dizze ronde goed ynsetten is.
Der wie net ien dy’t de 0-2 goed foarspeld hiene (225 punten!), mar mei de toto goed pakke je ek 150 punten.
At je dan ek noch de goeie doelpuntenmakker hawwe, dan levert dat ek 40 punten op.
Der binne trije dy’t 190 punten ha en 6 dy’t it mei 150 dwaan maotte

Topklasse

De Kale batser is de ienige yn de Topklasse dy’t skoart.
Lourens van der Pol giet dêrmei nei plakje trije en komt wol hiel ticht bij it keninginnekoppel Jelte-Pieter en Petronella

 

KKN (Klasse krekt net)

In nije koprinner yn de KKN.
Wiebe Heeres skoarde de 190 punten en giet 6 foarbij. Hij stiet mar 1 puntsje efter op nû 10.
Haitsma77, Bouma en Habtamu falle op mei in flinke stap omheech

 

KOIF (Klasse op it finketou)

Sir Folkert  jout net op en wat te sizzen fan Ajarnox fan Bas van der Weij.
At syn opmars illustratyf is foar it nije Ajax dan is der hoop foar Bas en Ajax

KGM (Klasse Grize Middenmoat)

Allegear nullen op Teade de Boer nei.
Wij kinne him lokwinskje mei dizze flinke stap omheech.
Soan Melle komme we letter yn de list tsjin en syn broer Ate ek. Dat moat in tropysk gefoel jaan

KLWJN(Klasse Leger Wolle Je Net)

De jonge Bouma (Pieter) falt hjir op mei syn 150 punten. Komt hij noch fierder omheech?

 

KKNL(Klasse Krekt Net Lêst)

Twa ’40 punten skoarders’ en fierders wie de nul hâlde it tema.

Op 60 KarAte, noch krekt yn de KKNL.
It is noch in flinke stap nei plakje 50, want dat wurdt hij hjoed.
Fan herte lokwinke Ate

KG (Klasse Greideklanken)

In rommeltsje dizze klasse. Meardere dy’t net meidogge om de elpee, omdat se iets net ynfuld hawwe.
Dúdlik is wol dat Tim de reade lantearne draacht en hij hat in goeie útslach nedich om Luuk 07, De 11 fan delf, Steven en de Poedelpriispakker mear yn de problemen te bringen