WK-Wepperkes

WK nei 52 wedstriden
25 juni 2006
WK nei 53 wedstriden
26 juni 2006

Hoe komt it?
Fanmiddei nei Italië-Australië sille wy de nije stân wer klearmeitsje. 24 dielnimmers hawwe harren jild op Itaalje setten. 6 dielnimmers gean foar de mannen fan Guus Hiddink.

Guus?
Sawol Jan Stenekes as syn freondinne Lisanne van Dijk ferwachtsje dat Australië yn de kwartfinales komt. Sy hawwe dus aardich wat fertrouen yn Guus Hiddink. Soe dit no ek betekenje dat wannear ’t Jan en Lisanne in jonkje ynstee fan in famke krigen hienen dat it dan Guus hiten hie???

WK Feesten
Dit jier duorren de Eastereiner Feesten 5 dagen en meidat it Nederlâns alvetal útskeakele is binne de feesten ek dien. Foto’s kinne jim fine op de webside fan it Dophok(klik hjir en hjir).
eastereinfeest2001.jpg
Floris blykt hiel fotogenyk te wêzen.

WK ferklaaien
Elts jier liket it Eastereiner matinee wol ien grutte ferklaaipartij. Dizze foto fûnen wy op www.oranjeenheitelan.nl. Klik hjir foar mear foto’s.

Hampie hie neat om him te ferklaaien en gie ……neaken.

WK(Wommelser Kampioenskip)
Tiisdeitejûn wurdt der yn Wommels wer fuotballe. Om 19.00 is eltsenien wer wolkom om mei te dwaan.

Fan herte!
Pieter Groenveld(SDS 5) hat hjoed grut feest. Hy is hjoed 34 wurden. Fan herte lokwinske! Klik hjir om him ek lok te winskjen.

WK-nijs
Hawwe jim noch nijtsjes mail it dan nei info@vv-sds.nl!

Fokke en Sukke romje op


Letter mear!