WK Finale 8 augustus 2016

Weppers snein 14-8
14 augustus 2016
Wêz wiis mei keunstgers
16 augustus 2016

De eer is oan mij om it lêste WK stikje fan it jier te skriuwen.
Omdat SDS wer begjint mei de trainingen moast der wer in ein komme oan it WK fan 2016. Op it neutrale striid terrein, de beruchte ‘terp’ , wie de opkomst om stipt 9 minuten oer healwei 8en in beskeiden 19 man. Foarsitter Hendrik E. dielde de hesjes út en hie dus alle macht om himsels een goed team te jaan. Toch keas hij der foar om himsels yn it team te setten mei 9 man. In bewuste keuze? Miskien wie der net skerp omdat hij yn de efterholle hie dat dit syn leste kindloze WK wedstriid wie! Een goede keuze? Dat sil blike. Nei it útdielen fan de hesjes is der noch even tiid makke foar in moaie groepsfoto.

Team hesjes bestie út: Elger, Willem, Teun, Gerlof-Jan, Henk, Marco , Andries, Wytze, Eeltje en Lourens
Team kleurloos bestie út: Jaap, Hendrik de j, Jan, Jacob K, Ate, Frank, Wiebe, Pieter en Hendrik E
It like hoopvol foar team kleurloos toen se binnen een minuut op foarsprong kamen. No is de rest fan de wedstriid net echt it fermelden wurdich, de einstân wie namelijk rûn de 14-1 foar de hesjes. Maar dan komt it allesbeslissende momint natuurlijk noch; de winnende goal. Dêr draait it úteinlik allegear om. Op basis fan it oerke foar de winnende goal soe dizze maximaal 4 minuten en 19 seconden duorje moatte. Tsjindiel waard bewezen want team kleurloos hie útfûn dat it miskien wat effectiever wie om mei balbezit fan de tsjinstander mei 6 man foar it eigen goal stean te gean yn pleats fan mei 6 man foar it goal fan de tsjinstander hingjen te bliuwen. It waard een spannend heal oerke mei folle kansen foar beide ploegen. Toen team hesje wer grip krige op de wedstriid wie der nog hast in eigen goal fan Jacob. Woe Jacob sa graach it stikje skriuwe? Nei noch tal fan kansen waard de winnende goal toch makke troch team hesjes.
De dingen die it fermelden wurdich binne:
* team hesje hie echt mar 1 man mear
* Gerlof Jan hat (noch onbewezen) doping brûkt foar de finale
* Eeltje kin aardich panna’s meitsje , of net Jan?
* Jacob kin sels een foarbij ridende bus de skuld jaan foar hun achterstân
* De Terp moat meand wurde
* Wisselje fan helte makket gjin ferskil
Ik winskje eltsenien die meidien hat, een moai fuotbalseizoen bij hun eigen team en wol iederien bedanke foar een mooi debuutseizoen op it WK.
Oant folgend jier!

Lourens van der Pol