Weppers snein 14-8

Efkes Balje 12-8-2016
12 augustus 2016
WK Finale 8 augustus 2016
15 augustus 2016

SDS 1 wint knap
SDS 1 hat juster de oefenwedstryd yn en tsjin Nijlân mei 4-1 wûn. SDS 1 spile knap en makke it 2e-Klasser Nijland 1 tige dreech. Pieter Sijtsma makke foar SDS 1 de 1-0 út in rebound nei in miste penalty fan Erik Haitsma. Erik makke der sels foar de rêst noch 2-0 fan nei in knappe aksje. Yn de rêst kaam Dirk-Yde Sjaarda der yn en dy makke der yn de twadde helte al gau 3-0 en 4-0 fan. Oan it ein fan de wedstryd die Bauke Poelsma noch efkes wat werom troch mei in kopgoal der 4-1 fan te meitsjen.

Bekerje
SDS 1 hat no 2 kear oefene en makket him no klear foar de earste bekerronde. Sy spylje kommende sneon om 17.00 oere de derby yn Easterlittens tsjin de pleatselijke favoryt vv Oosterlittens 1.

Wer oefenje
SDS 1 sil op sneon 21 jannewaris wer tsjin Nijland 1 oefenje. Dan sil it yn Easterein wêze.