Winterske wepperkes

Wepperkes -tiisdei-
1 maart 2005
Ynstoartingsgefaar kantine
2 maart 2005

Gjin futsal
Alle futsalwedstriden geane jûn net troch. Dat stiet te lêzen op de side fan Omrop Fryslân. Dus SDS 1 en SDS2 komme jûn net yn aksje yn Easterein.

Troch it inkel
Tiisdeitejûn hat SDS2 noch traind. Op it minne fjild fan Wommels wiene mar 5 man oanwêzich. Doe’t Jan Stenekes troch it inkel gie, binne se mar ophâlden. Tongersdeitejûn sil it 2e dan ek mar net mear traine.

Gjin training
De kâns dat er tongersdeitejûn traind wurdt mei de bal liket ús net net sa grut. Mooglik komt er in alternatyf programma lykas sniebaljen op it parkearterrein. slydzje op de Foarbuorren of langlaufe lâns Skrok. Wy wachtsje ôf.

Net de dieder

“Dit moat ek de dieder wêze fan it fernielen fan de fjilden yn Wommels. Lokkich genôch kin de foarsitter fan de Skoalleseize him fan gesicht.”
Dat skeaunen wy juster. Dochs is it net wier. Dizze man hat yn oerlis mei Feike Jorritsma op in goeie wize de kantine berikt mei syn frachtauto. Gjin kwea wurd meie wy dêr oer sizze.

Noch gjin league
Leauguemaster Willem lit witte dat hy problemen hat mei syn kompjoeter. Dat hat ta gefolch dat er in grutte kâns is dat de league hjoed net op ynternet komme kin(miskien sels dizze wike wol net).

Thús oefenje
No’t er mooglik langere tiid net traind wurde kin, jouwe wy mar efkes in tip om thús sels wat oefeningen te dwaan. Sjoch
hjir

Sniewille
Foar bern en foar grutten is dit in geweldige dei.
Foar ús poes wie it in minne dei. Hy hie syn taflecht socht op de âlde wylgebeam en wie net fan doel der wei te kommen. 

Mear foto’s
Hawwe jim noch mear(winter) nijs of leuke foto’s mail se dan hjoed efkes nei
aanthofstra@planet.nl