Werom yn de tiid: 1967-1968

Weppers moandei 26-2-2018
26 februari 2018
Weppers tongersdei 1-3-2018
1 maart 2018

Yn it seizoen 1990/1991, 1991/1992 en 1992/1993 spile SDS yn de FVB (Friese Voetbal Bond).

Ek fan 1964 oant 1973 wie dat it gefal mei útsûndering fan it seizoen 1967-1968. Doe sieten se yn de 4de klasse A fan de KNVB.

Wij gyngen op de sneup oer de resultaten fan dat seizoen. Der wie noch gjin Treffer dus moast de Ljouwerter Krante ús wat helpe.

De kompetysje- yndieling mei útslaggen


Der sieten mar 9 ploegen yn de kompetysje, dus 16 wedstriden moasten der spile wurde.

Doelpuntenmakkers

Helaas stiene der yn de Ljouwerter Krante wol karakteristiken fan de wedstriden mar hast gjin doelpuntenmakkers. Allinne fan de wedstriid tsjin DWP en Leeuwarden wurde se fermeld.

Tsjin DWP komme wij dus de nammen Gelf Eringa en Geert Hiemstra tsjin en yn de wedstriid tsjin Leeuwarden skoarden  Hiemstra (midvoor), Eringa, Hiemstra (linksbuiten) en nochris Hiemstra (midvoor).

Tuskenstân yn desimber


Der wiene yn desimber al 11 fan de 16 wedstriden spile en  it wie dúdlik dat Bolswardia der útrûn en dat de oare ploegen ticht bij elkoar stiene.  Yn dy tiid wie in oerwinning 2 punten.

Utspile op 6 april


Op 6 april wie SDS úspile (goeie fjilden?!) wylst oare ploegen noch ien of 2 of sels 3 kear spylje moasten. Mei 11 punten wie SDS net feilich want Makkum koe noch gelyk komme.

Makkum wint dus……


“Pet ôf foar Makkum”stiet er yn it stikje yn de Ljouwerter Krante, want sij winne fan de kampioen. Wij tinke dat Bolswardia der mei de pet nei goaid hat.

 


Wij kinne ús goed foarstelle dat SDS net yn Boalsert bij Bolswardia tsjin Makkum fuotbalje wol. Seker bij de klup dy’t der mei de pet nei goaide……

En sa gie SDS nei 1 jier werom nei de FVB.

Wa’t noch herinneringen en oanfullingen hat op dit seizoen kin him bij Aant melde.
Hokker spilers wiene der noch mear bij en wa wiene de oare doelpuntenmakkers? Wie der in trainer?