Wepppers woansdei 27-2

Weppers tiisdei 26-2
25 februari 2013
SDS League: Eeltje pakt kopposysje!
27 februari 2013

D2
Dan tinke je dat de kompetysje wer begjint en dat ha je de earste sneon al wer frij: Slachtofferkes hjitte D2. En sij wolle sa graach fuotbalje. Hat er ien te min? Nim kontakt op mei de lieder en hij wit de goeie ynfaller te finen.

B1
Mei SDS B1 liket it noch minder. It skynt dat harren tsjinstanner (JVB B2)  út de kompetysje gien is en dan hawwe je dus de earste sneon ek al wer frij. En at dat noch net slim genôch is, ek RES  B 1 skynt der net mear bij te stean. It giet net goed yn Boalsert dus.

Oudega 1 – SDS 2
SDS 2 hat juster de oefenwedstryd tsjin VV Oudega 1 mei 1-1 lyk spil. SDS 2 kaam yn de earste helte mei 1-0 foar troch in wonderlijke goal fan Feite, mar it waard al gau wer 1-1. Sa bleaun it úteinlik ek.

SDS League
Y.f.m. kompjoeterprobleemkes komt de nije stân fan de SDS League efkes letter dan wy beloofd hienen.
Jûn hoopje wy it klear te hawwen. 

Trainingsfjild
Wij heare goeie berjochten oer it trainingsfjild efter de sporthal. Dat is moai. Lit de buien de kommende wiken mar wat oer Itens en Hinnaard gean soene wij sa sizze wolle.

Harsens derby(967)
De moaiste goal fan 2013 is makke! Yn de eigen wolteferstean…………..