Weppers tiisdei 26-2

Weppers moandei 25-2
24 februari 2013
Wepppers woansdei 27-2
26 februari 2013

Programma
Kommende sneon giet it wer oan. It folseine programma fan F oant V(eteranen). En foar sa fier wij ferstân hawwe fan it waar en de fjilden tinke wij dat der in hiele grutte kâns is dat der sneon oeral wer balle wurdt. Of wij moatte in swiere depressy oer de holle sjoen hawwe. Sjoch foar it programma
hjir en foar de waarsfoarspelling hjir.

Oudega 1 – SDS 2
Jûn om 20.00 oere spilet SDS 2 út tsjin Oudega 1. De seleksje stiet bij de weppers fan moandei. Wij slute net dat wij fia twitter jûn sa no en dan in tuskenstân jaan kinne want yn Aldegea (@vvoudegaw)  twitterje se omraak.

Poiesz aksje
De kommende moannen is der wer in aksje bij Poiesz om klups te stypjen. Under de namme “Poiesz Jeugd aksje” kinne klanten wer sparje foar dukaten. En dizze dukaten leverje oan de ein fan de perioade jild op. SDS docht ek wer mei dit jier. Lês der hjir alles oer.

Spitich

Wij fine it tige spitich dat de prachtige twadde helte fan Feyenoord- PSV hielendal fergetten wurdt yn it geseur oer râneferskinselen. It feit dat de parse dit sa breed útmjit seit iets oer it nivo fan de parse.

Koppie…koppie
Us fragenkwis foar de bern wie gjin sukses. Wij hawwe ien ynstjoering krigen en nettsjinsteande it feit dat dy net alle fragen goed hie, krijt hij ynkoarten dochs noch in aardichheidsje foar it muoite dy’t hij nommen hat. En wij witte no dat wij dit net wer hoege te dwaan.

Harsens derby(966)
Sokke goals telle dûbel fansels: